Foar Elske Kampen
Wat in heit makket, dat wit ik wol,
hy docht de heitedingen.
Syn soan leart er it ljeppen, wat ik mines
ek bybrocht ha, mar dat binne se tink
fergetten. Lykas hoe te fytsen
yn myn taal. Al is de ferbining
kearsrjocht, sjoch mar hoe’t er swurd
en kroade snijde – of wie dat pake –
op ’e wurkbank. Hy makke –
sa’t it like – de wrâld en alle saken.
Somtiden, as it knypt, as it fan binnen waait
dat de knipers oan ’e line draaie,
blaast de wyn jin fan jins leafsten wei.
Somtiden, as it rommer kin,
slacht men om ’e romte in stek,
om jins folkje fêst op fuotten
en út ’e sleat te hâlden. Somtiden –
sjoch ik him oer de merke rinnen,
by de draaimûne del, nei de sûkerspin,
nei de sjittinte, mei myn soannen.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten