(Oan J.A. Dèr Mouw en G. Achterberg opdroegen)
As middeis let wekkerslûget 
út ’e wintersliep ús mantsje,
allinnich dwerslizzend yn syn 
lytsbernich ledikantsje,
tinkt er: In binde! Wat is der 
no de deale oan ’t hantsje!
Ik bin ’n grut dichter, mar wêr 
is myn ôfwaskhelp Jantsje?
Gaueftich rûke oan ’t âldmannich
stjonkend waskhantsje,
dan fluks in yn ’e kadokrigen 
magnetron opwaarme pantsje
bamy ite en online Snits troch stowe 
op ’e fyts mei it lekke bantsje,
strûze as in wyld nei it hûs fan 
Jantsje, om leave in wantsje
op ’e lea! Want mâl en dwers-
trochalleshinne is ús mantsje!
Sa behyplike lyts, te lyts foar syn 
mystyk is ’t keale Fryslantsje
dêr’t opdrachtjouwers him útgnize 
en noait net beklantsje,
mar riinsk betelle opdrachten 
by betûfte kollega's plantsje.
It belije moat it ûnskuldich 
stofsûchfamke Jantsje,
fynt ús beursdichtsjende 
(mei ik fange!) ûnferstantsje:
it mantsje!
.
Moai gedicht Abe! Ga zo voort en gij zult spinazie eten!
BeantwoordenVerwijderenTankewol, Cornelis. Wurdt tink it titelfers fan myn nije bondel.
BeantwoordenVerwijderen