zondag 22 december 2019

Evangelist

't Aardich represintative strjitsje 
rint east-west boppe de slieperdyk 
skyndea op godfergetten braaklân út 
en dêrachter spat skom. 
It is neamd nei in evangelist, 
in ielheak yn in see fol sielen. 

Sa bewarje ik de fierte foar it ferjitboek. 
De minsken yn myn strjitte ken ik net. 
It earste hûs, earste blok eastkant 
wurdt útromme. Trekkertsjilfivers 
rinne leech op in stuit. De minsken 
yn myn strjitte kenne my ek net - 

Krysttiid is kommendewei. 
Fannacht makke ik al in sliepplak rom. 
Mar de besite wie foar buorman 
en berne wurdt der by him neat 
oars as âld sâlt swit, drippend op 
in leanstrook mei bruto/netto. 

Yn 'e moarntiid komt Omrin. 
In tichtklappende doar fan de DHL. 
De restaurearre klok slacht wer oan 
as in tamtearre hiemhûn op in struner. 
Sil ik it lang om let weagje doare 
en rin nei de by de dyk sette klikobak,

om myn jongesstim derút, 
myn ûnfergonklik masterstik deryn, 
en, by tiid genôch foar 't de hakselauto komt, 
ek it idee dat de ôfstân 
tusken pandeksel en bakboaiem 
net folle grutter is as yn myn dreamen? 

O ja - ik ha in warskôgingsboerd 
'Wurk yn útfiering' foar it rút. 
Immen fierderop hat: 'Boukavel te keap'. 
In slûchslimme kat tripket op in protter ôf, 
mar dy is ek net fan juster 
en flechtet fuort yn Google Maps.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten