zondag 29 december 2019

De iensumens fan in fers yn in lytse taal

Us opferve eagen wienen al wat skimerich, lykas it plein. 
De strjitlampen hienen in halo yn 'e hjerstmist.  
Do hiest dines dien. Ik mines. Geast en mûle 
stienen model. It fierdere is net dreech te rieden. 

Wy foelen yndie yn de bespotlike fontyn foar it hotel. 

Us earen hearden folle. Wat in koekút oer in parkjûn song, 
hoe't in parade troch de Leienske strjitte gong,  
of yn Ljouwert mei banieren oer de Nijstêd; 
en dat by jim yn 'e maityd it wetter oan de blikke ta kaam. 

It paradysfolk kaam út de skouboarch nei bûten ta 
om nei ús spetterjen te sjen. De driuwende rinkelbel 
fan de lêste tram wie in wekker - de net te kearen berte 
fan fers twa. Fearren en spikers om op te lizzen foar letter. 

Oan 'e oare kant lei ús heitelân. 
Inkeld in fear joech tagong. 
En dan twaris klopje op 'e doar, en 'nim my net kwea ôf' sizze,  
en fan wa't jo dan ien binne. 

Do wiest immen. Do diest derta. 
De iensumens fan in fers yn in lytse taal is net te ferdragen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten