vrijdag 27 december 2019

De dobbe

Achter de feart, in smelle sleat rint der net hinne, 
yn lân dêr't inkeld boeren komme kinne, 
lei in dobbe, dêr't ûnderwettersliners - 
gjin swimbad foar doekje-derom-winers - 
har klykjes foar de winter snaaiden 
fan 'e boaiem en út de glorieuze reiden. 
Doe't se kamen, wie it stil. De binnensee 
(it simmersk drinkplak foar it toarstich fee) 
yn sulverglinster brocht in ûnwaarsdûns 
fan jildskodders en 't ynvestearringsfûns. 
Skrabbers, graafmasines griepen, in pomp 
ferlege de spegel, in kop-hals-romp 
baarnde droechlein nei in wjerljochtflits 
as fakkel ôf op ien fan Fryslâns grutste hits. 
Sa't yn 't begjin de wyn de reiden rekke, 
troch inkeld wyn te wêzen geasten wekke, 
en tûzen pinnen giene oer it blau papier 
mei grien-giele plommen, samar foar de sier, 
dat wie 't earste teken fan terminaal: 
in wynmûnepark, bird killer yn subgroepstaal. 
Spoken word wit gobbe, hobbe, kobbe, 
krobbe, snobbe, wobbe: dat rimet noch op dobbe. 
Lykwols hat it ding syn eigen namme net mear - 
hy frear ticht, foar de lêste kear. 
Wylst ûnder de yllegaal ferpleatste grûn 
de rintenierjend boer syn kowepaadsje rûn 
achter in fergetten wûnder oan, sis 'stûne' - 
dat syn grûnbewurkershert ferwûne 
mei pine om fan dat stuit ôf, fan dat krekte plak, 
te klimmen by de wâl op, út 't ûnderierdske dak -, 
klom ik út wat in dobbe west hie in mêst yn, 
fan 'e gerzen ôf oant yn 'e hege wyn. 
Dy't my beetkrige en nei it loftrom luts, 
dêr't men de hiele werklikheid yn alle talen bespruts, 
en goeried hawwe woe 
wat wurd it boek út koe.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten