zaterdag 20 april 2019

Wêrom net sacht wêze



Wêrom net sacht wêze, en rûner en soeler, 
as in âlde wyn bewarre foar fannacht? 
Of wêrom net de twirre, dy’t yn in koelte 
freget nei de trofeeën fan de jacht?

It sachte hier fan in niis omleine hazze, 
it foksefel, dêr’t sy op leit sûnder lûd 
te jaan, mar mei flessen om te ferbrassen 
en út te jitten oer de wyngert fan har hûd. 

It fjoer knapt de tûken, in fonk wurdt brân. 
Earst stekt it de skoarstienmantel oan, 

dan rûntsjedraaft it oer it Perzysk tapyt, 
troch glêzen bollen giet it, myn ûnwis gambyt 

te skroeien yn syn floerske gerdinen.
Mar gjin dieder yn ’e sachte fjilden te finen. 


II 

Dêr stie ús fearrebêd, en dêr de skimerlampe 
de helle jûn te dimmen. Dêr stie de stoel 
mei ’n healheech achtersket, foar ’t kampen 
tsjin de oanstriid en hingje achteroer. 

De swarte keukenskast, noch krekt werkenber, 
toant syn rykdom – knapt glês en pannepún. 
In dichter soe sizze, de tiid fan ’t jier is novimber, 
mar simmer is ’t, lige bankrotte roazen yn ’e tún. 

En ûnder ús strjitte rint de flamme syn gong,
rioelen troch, en wêr’t it kin omhegen 
útwei finend troch de kabels ûnder de stêd. 

Om krekt te dwêsten as in klyster sjongt 
op in bleakere skoarstien boppe twa stegen, 
mei kykjes, troch de gerdinen, op in klysterbêd. 


III 

Mar dat is net sa’t ’k ’t leafst oan ús tinke wol. 
Ik lis ferbiningen tusken boarst en skouder, 
ik skriuw dyn rûningen rûn, dyn mûle fol 
mei myn ereksje fan heb ik jou d’r. 

Do litst dy gean en setst de puntsjes op de -i 
fan Po Tjsu, dy’tst omsirkelst mei dyn tonge, 
opwippe litst, en yn al syn papyri 
sil in grut man foar dy bûge as lytsjonge. 

De leafde wurdt tefolle romantisearre, seisto. 
It is simpel de kwesty, heal need, heal rûtine, 
sis ik, de elektrifisearre spoaren te gean 

nei dêr’t liif krijt fan liif it ferwachte kado 
dêr’t de geast om socht, mar koe ’t noait fine: 
in ûntploffing yn dicht, inkeld dêr te ferstean.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten