zondag 21 april 2019

Foar it ûlegat

Fermôge ljedders op, earst nei de souder, 
dan fan de souder nei de batting 
oer de dwersbalken, en de lêste, koartste, 
nei de stofnêsten mei it ûlegat derfoar. 
De earste minske op ’e moanne 
sjuch ik safolle mear as in oar: 
ik kin de see sjen oer de dyk hinne, 
en dy kin my sjen as er weromsjucht. 

Tusken ús yn leit in kilometer leechte 
mei lytse feroaring yn in tiid fan ieuwen. 
Oan minder kromme sleatten minder 
eigenwize flearen om mei te praten. 
De Roptatún stekt ôf tsjin de sinne, 
in neef fan oerpake bewetteret de blommen. 
Op it krúspunt spoeket it. 

Mar de see seit, hy hat my neat te sizzen.
Hy is ritich as it waar en alle tellen nij. 
De greide hat spierpine en in min sin, 
it sil al raar moatte as ik de gerzen hjoed flij. 
De bou – winst en ferlies yn ’t oer-de-grinzens – 
hat it eins te bannich foar my 
neffens de meagere fertsjinst. 

Allinnich by it ûlegat 
fielt men de iensumens, dy’t de platte tiid 
produsearret, mei al syn oeren op ’e klok
jin troch de ieren rinnen. As nei in skot
it herte fan it lânskip bliedt sûnder bloed,
ferskieret fan wjirmread nei sniewyt rûnom
mei alle pynlike stadia dêr tuskenyn.

Ast lang net sjoen hast, of soarge hast, slút it him ôf, 
in toanielstik foar spoek en spion
mei net de nacht as fallend doek,
mar de tocht werom, lâns deselde rûte
deselde ljedders del.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten