maandag 22 april 2019

De farao

Asyl – dêrom sykje de slaven 
en koertse op Vincents mangelbeam 
– gjin rôzebloeiende ‘amandelboom’ – 
yn ’e lears fan ’t oankomstlân Itaalje. 
De nije slaven, yn har dream, 
fertrokken juster sûnder stoom 

of seil, foar oarmans sinne-ûndergong: 
te peard en peddel fan Nineveh 
– der wie doe noch gjin Kodakchrome – 
konteners yn, dêr’t de airco song: 
,,Ferdoch gjin tiid, kies zzp!”
of set dyn stretcher yn 'e Ziggodome.

As hie it machtleas folk karút; 
of slaavje foar de Grykse polis, 
of opmits’lje ’t grut Byzantium, 
mar byn jin de bek en hâld jin de snút. 
En oars mar yn ’e útsettingsmodus, 
in boskje leeljes mei út Seisbierrums 

fallite kassen. De nije slaven, 
dy’t leedzje en har tjirgje foar ús 
pinsjoentsjes, fine har wente net 
yn âld Europa’s banaalste konklaven. 
Se fleagen business-class, en wer thús 
ferwolkomt har premier Baudet, 

mei brief, moanning en drigemint: 
der wie wat mei de lêste bestelling, 
de klant is hellich, komt mei in claim, 
,,te zwart was haar gewenste kind”. 
Belêsting easket neibetelling, 
en sorry, jonges – it’s a dirty game 

we bloody smug Boreans play. 
Har doarpen ferbaarnd, har dochters rôve, 
de froulju ûntfierd, de manlju ûntballe, 
sil moarn in ploech fan de teevee 
nei Afrika, foar in foarkôge 
koart item oer lessen dy’t ferfalle 

op lêst fan ús freon, de farao, 
dy’t ûnferduldich wurdt, en hjoed 
de swipe slacht oer ’t folk op ’t stee 
fan dêr, syn nijste one-man-show: 
de plasse fan ’t waarme, reade bloed
noch drippend fan ’t fabelachtich Gizeh.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten