dinsdag 1 januari 2019

Nijjier

Taal ferslacht deryn en de planeet sakket 
   fierder bûten berik. Wrâld, dy’t my fermakke 
in ynterstellêr stik – likefolle hoe lûd 
   it doarp knalt ûnder myn perforearre hûd - 
en my lit dit jachtsjend, tsjinakseljend romteskip,
   de Legacy, in rochel tusken boppe- en ûnderlip, 

hat likegoed foarútgong boekt: in nije 
   himel en ierde binne no foar elk te krijen. 
Sis dan, wat atmosfearen kin men winne? 
   Fia hokker satelliten sil men gotspe’s poste kinne? 
Romtepún ketst ôf op in âld tek, 
   tebrizelet op hûd, taaier as tûzen jier tebek. 

Ek keizel fan in ôffakkele komeet sil net komme 
   om ûnferhoeds ús skipke te ferdommen. 
Do lakest breed, om’t yn de lytse kabine
   sil al wat nij is oait wer hearre ta ’t ferline. 
Mar hoe komt it mei de minsken thús?
   Oer in jier, hoe fierwei ôfdreaun fiele wy dan ús? 

De fraach stelle is de sprekker freegje 
   om de ynset fan it stekspul te ferheegjen. 
It antwurd bliuw ik ljochtjierren skuldich.
   Oant de grutte wizer, ferduldich 
krûpend nei de tik, langer net fan bluffen wit, 
   en, ûnder protest, it ien nei boppeste streekje ferlit. 

De klok slacht tolve. Men heart it nijjierswinskjen.
   Op in planeet dûnsje sprakeleaze minsken.
Ik lis ûnder in tekken op ’e bank, karakteristyk 
   foar de stân fan saken yn de frisistyk, syk, 
en yn in tel sjit myn blik fan fancy fair 
   nei 't swarte gat foarby de fierste stjer.


31 desimber 2018 / 1 jannewaris 2019

1 opmerking:

  1. Betterskip Abe. Nijsgjirrich, needsaaklik fers. Allinne dy lange tuskensin, tusken 'Wrâld' en de twadde strofe, kin ik mar net neikomme. Miskyn mis ik wat.

    BeantwoordenVerwijderen