maandag 15 oktober 2018

Piter Jelles Troelstra - Oan in Jongfaem, by hjar boask yn Maeije 1880


’t Sintsje fen Maeije skynt noflik dêr bûten, 
Kringt yn ’e wenten en struit dêr syn ljocht, 
Jout wer oan d’ ierde syn frjeunlikste glimkes, 
Jout wer oan ’t herte syn waermte en syn nocht. 
Nou sjong’ de fûgels hjar fleurichste sankjes, 
Tripkje oer it fjild, fine nearne nin rêst, 
Siikje de tûkjes en bringe se hastich 
Under in dakpanne yn ’t smûksmoute nêst.

Oeral is libben en ljeafde! Yn it boskje 
Sjonge de gealtsjes fen ’t lok fen de min. 
Hope bringt ljocht yn it tsjusterste herte, 
Hope bringt fleur yn ’t swiersettichste sin, 
Sa is de Maitiid de moarn fen it libben, 
As in jongfaem, dy mei eachjes fol ljocht, 
’t Herte fol fleur en in mûlke fol minswiet 
Glimkes tofoartsjoent by elts dy’t har sjocht.

Nommele faem! sa ek blinkt yn Jou wêzen 
D’ ûnskild en deugd fen it suverste hert; 
Lokkich is hy, dy jou eagen bistiele, 
Lokkich, hwa jou yn syn earmen bifet. 
’k Wol jou net priisgje mei klinkende wirden, 
Bombast is ’t wirk fen nin eabele Fries; 
Mar ik neam sillich dy hearsk’t yn jou herte, 
Hwent yn jou herte dêr is ’t Parradiis.

’t Sintsje fen Maeije skynt fleurich der bûten, 
Skynt yn de wenten, jout libben en tier; 
Liket jou ’t libben gjin iwige Maeije? 
Liket jou d’ ierde gjin blomtún sa wier? 
Thinke jou net, dat de knopkes en gêrskes, 
Dy jou dêr sjogge sa rju yn it roun, 
Allegear blommen en ieren scil wirde, 
Ienkear hjar sie struije scill’ op ’e groun? 

’t Foarjier scil einje, de simmer scil komme, 
Dagen fen droechte dy brekke den oan; 
Blomkes scill’ falle, fortrape yn ’e modder, 
Untúch en ûnkrûd scill’ dije ûnder ’t koarn. 
Folle wirdt lilk, hwet nou moai is en hearlik, 
Ald wirdt it wêzen en kâld wirdt it hert; 
Mar, hwet tiids kloer jou bidjert of ûnrôvet, 
Ljeafde bliuwt libjen, dy nimt er jou net. 

 Gau komt de ûre, den gean’ jy dêr hinne, 
Hwêr hy it nêst for jou rémakke het; 
’t Aldersnêst lit fen syn jongen ien fleane, 
Leech wirdt ien plakje… by ien bliuwt it net! 
Heit en mem kypje, mei triennen yn d’ eagen, 
’t Bern, dat der weigiet, sa lang as ’t kin, nei; 
Roppe hjar ’t lêste farwol ta… en kypje…
’t Is om ’e nocht, hwent hjar bern is fier wei. 

Faem, nou jy geane hwêr ’t lok is to finen, 
Winskje ’k jou ’n libben, sa bêst as ’t mar kin, 
’t Sintsje fen Maeije scil gau fen ús skiede; 
’t Blierkje yet nei yn jou jong fleurich sin! 
Den sjen Jou âlden, mei ’n laeits om ’e mûle,
’t Lok fen hjar bern, en it hert wirdt hjar rom, 
 Hwent yn ’e jonkheit en ’t lok fen jimm’ beiden 
 Fine hja mûlk yet hjar eigen werom. 

Ljouwert. PIETER JELLES. 

Friesch Volksblad 4-203 (23 maaie 1880)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten