dinsdag 30 oktober 2018

In memoriam

De Troelstra-famkes op it fytspaad 
yn it lette middeisljocht achter de woksinees 
traapje it húswurk fan in hjerstdei nei hûs ta. 

It stielen kabaal fan nijs dat raast oer de bosk, 
glidet oan triedden oer it tankstasjon 
troch de loft – dan is it stil in skoft. 

Ik sit achter it stjoer fan myn Japanner, 
te brieden op in dichtstik mei wjukken 
foar de Hearen fan it Folksblêd,

dy't sûnder aan, sûnder panyk
de mûle spiele oer de magistrale legacy
fan in skier provinsjefeest.

Mei de fersliten pet fan in freon op,
fierderop – dat is lânnasjonalisaasje! – 
yn in sleat leit M. Rozenga te befriezen. 

Tik de maat fan dizze Fryske rigels tsjin it rút. 
Odusseus, de wrâld is yn ’e oalje.
Wa blaast de lampe fan master Bruinsma út?


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten