woensdag 19 september 2018

Oer 'Teltsje fan in keningssoan' fan Waling Dykstra

'Dêr waard er oppast tige bêst'

Der stiet in moaie foto fan Waling Dykstra mei Afke Jans de Boer en de bern en oantroude bern derby yn de freonebondel For Waling-om1, dy’t yn 1911 oan de skriuwer en syn frou oanbean waard by gelegenheid fan syn njoggentichste jierdei. De foto is yn 1905 makke by de gouden brulloft fan it pear. Yn datselde boekwurkje is ek in stambeam te finen fan Dykstra, ynklusyf de alve bern dy’t Afke en hy op ’e wrâld set hiene. Op de foto stean, bûten de beide jubilarissen sels, mar tsien froulju en tsien manlju. Der mist dus ien bern. De stambeam jout útslútsel: nei Wytske (1856), Antje (1858), Gerrit (1860), Janke (1861), Geeltje (1863), Jantje (1865), Jan (1866) en Jeltje (1870), en noch fóar Grietje (1873) en Theunis (1876), kaam Cornelis (1871). By syn namme stiet: ‘sneuvele yn East-Ynjen’.2 Sûnder jiertal. Mar wie dat neffens de wierheid?

Cornelis – ‘Kees’ – Dykstra waard berne op 1 septimber 1871. Wierskynlik is er neamd nei syn omke Cornelis, in jongere broer fan Waling Dykstra dy’t datselde jier ferstoarn wie. Kees syn stjerdatum is yn it befolkingsregister net te finen. It iennichste dat wy fan him witte, bûten it feit dat er berne is, komt net fan syn âldere broer Jan Walings Dykstra; dy liet de gearstalling fan de húshâlding bûten de bekende biografyske skets fan it libben fan syn heit. It komt fan twa fermeldingen yn de publisearre oantinkens Ut myn berne-tiid fan Kees syn ien jier âldere suster Jeltje. Dit sil sa likernôch oan 'e ein fan de santiger jierren fan de njoggentjinde ieu spile hawwe:3 

Us Janke koe ’t bêste mei ús Kees oerwei, hy moarte soms raer as er wosken waerd, mar hja wist ’m altiid wer stil to krijen mei grapkes, forteltsjes en ferskes. As hja mei syn fuotten bigoun to waskjen, wie ’t meastal dat hja opsei: 
“Kornelis had een glas gebroken, 
Voor aan de straat. 
Schoon hij de stukken had verstoken, 
Hij wist geen raad. 
Hij had een tegenzin in ’t liegen, 
Wijl God ’t ziet. 
En zijne moeder te bedriegen, 
Dat wou hij niet.”

Fierderop wurdt syn namme noch ien kear neamd, as er mei mei te lotsjerinnen. Wylst der fan de oare bern rûnom praat is, wurdt oer him neat mear sein. Apart: Kees wie mar in oardel jier jonger as Jeltje. It hat der wol fan dat Kees in hendikep hie, of sa’t men yn dy tiid sei, in ‘ûngelokkich berntsje’ wie. 

Mooglik is Kees yn yn de tachtiger jierren opnommen yn de Frjentsjerter ferpleech-ynrjochting foar kranksinnigen, sa't de pasjinten doe algemien neamd waarden. Op 3 desimber 1884 hold Waling Dykstra dêr in besletten optreden foar 120 pasjinten, dêr’t yn de Fryske kranten net oer berjochte is. Bûten de provinsje wie der wol oer te lêzen. It hie in prachtjûn west, as wy it ferslachje yn Het Nieuws van den Dag leauwe meie: 

In het Krankzinnigengesticht te Franeker werd Woensdag-avond een huiselijk feest gevierd, dat door het Bestuur aan de verpleegden werd aangeboden. In de fraai versierde bovenzaal waren ruim 120 patiënten bijeen, die zichtbaar genoten bij het luisteren naar de voordracht van den Heer Waling Dijkstra in de Friesche taal, waarna door eenige verpleegden een paar liederen werden gezongen en voordrachten in de Hollandsche en Fransche taal gehouden. (..) Een algemeen “Wien Neêrlandsch bloed” besloot het feest.5 

Seis dagen nei dat optreden yn Frjentsjer, op 9 desimber, kaam yn ’e krante in komitee út Holwert nei foarren mei de oprop ta in donaasje foar Dykstra yn it ramt fan syn kommend (yn 1885) 25-jierrich jubileum as Winterjounenochter. It komitee woe ‘een aanzienlijke som (..) bijeenbrengen en hem die, in het bijzijn van al de zijnen als feestgave aanbieden’.6 Foarsitter wie de dûmny fan de Ned.Herf. Gemeente Brantgum-Waaksens, Johannes Petrus Bruinwold Riedel (1816-1897).7 Dy wie goed op 'e hichte mei de sitewaasje by de Dykstra's thús. Dykstra syn op ien nei âldste dochter Antje joech om 1880 hinne op sneons hantwurkles yn Brantgum, dat hie dûmny regele.8 

No witte wy fansels net wêr’t dat jild foar brûkt is. En wy ha net iens, op dit stuit, hurd bewiis dat Kees Dykstra yndie ferpleechd is yn Frjentsjer. Ik hie der dan ek net oer begjinne wollen, as der net dat iene, lette fers fan Waling Dykstra west hie. 

It stiet yn syn bondel Wintergrien fan 1886, is datearre op 1883 en it hjit ‘Teltsje fan in keningssoan’.9 En nou soe ik wat sizze kinne oer de besibbens fan dat gedicht mei de ynternasjonale mearke-literatuer, oer de oerienkomsten wat motiven oanbelanget mei mearkes lykas ‘Doornroosje’, of ‘Das Eselein’ of ‘Der treue Johannes’ fan de bruorren Grimm, of ‘The Tale of the Doomed Prince’ út it âlde Egypte, mar dan soe dit in oar stikje wurde. Yn it ljocht fan it foargeande wurdt it wat misliedende motto boppe it fers miskien wol wat dúdliker. Der stiet:  ‘Das ist ja ein alte Geschichte, / Doch bleibt sie noch immer neu’ fan Heinrich Heine. Mar oer de romantyske leafde dy't Heine op it each hie, giet dit fers net. De folgjende twa, troch Dykstra weilitten, rigels binne: ‘Und wem sie just passieret, / Dem bricht das Herz entzwei’. 

Teltsje fan in keningssoan 

Das ist ja ein alte Geschichte, 
Doch bleibt sie noch immer neu.

’t Is langer lyn as tûzen jier, 
Doe’t earne in jonge kening wie 
Dy’t mei in helder knap ferstân 
De saken stjoerde fan syn lân, 
En dy’t der ek wol wêze doarst 
As ’t lân ferdiigne wurde moast. 

In wyfke hie er, kreas en kein, 
It moaiste frouminsk, waard der sein, 
Fan ’t hele lân. Nou, yn hoefier 
Dit flaaierij of wierheid wie 
Kin ik net krekt ferklearje, mar 
Har man wie tige mâl mei har 
En hja mei him. Dan wie ’t in pear, 
Sa tinkt licht immen, dat neat mear 
Te winskjen hie: mar dat ’s net wier. 
Hja wiene al troud hast fjouwer jier, 
Doe wien’ se noch gjin heit en mem. 
Wie dat foar sokke lju net slim? 
Hja hiene ’r brea foar, is ’t net sa? 
En dêrom woen’ se graach wol twa 
Of trije of fjouwer berntsjes ha. 

Nou, einlings en te’n lêsten kaam 
Der nijs, dat elk mei nocht fernaam: 
De kening krige in jonge soan, 
In erfgenamt dus foar syn kroan. 
It hele lân wie mei him bliid, 
De stêden fierden feest om striid 
Mei fjoerwurk, mei muzyk en sang 
En dûnspartijen – dagen lang. 

Fansels, dat die de kening goed, 
Dat makke ’m dûbeld bliid te moed. 
Mar wylst er sa útskroeven wie, 
Fernaam er wat, dat minder stie. 

Twa mannen, wizer as sljuchtwei, 
Dy’t boekenoasken troch in dei 
En joegen yn de tsjust’re nacht 
Op ’e omgong fan de stjerren acht, 
Dy rekk’nen ’t libbene-lot ris út 
Fan ’t jonge prinske, en ta beslút 
Doe seinen dy de de kening oan: 
,,It stiet wat nuver mei jo soan. 
Hy mei de sinne n’t skinen sjen 
Yn ’e earste sechstjin jier; it bern 
Moat oars sa blyn wurde as in mol.” – 

Doe waard it moed de kening fol. 
Mar hie er ek miljoenen bean, 
It needlot koe er net ontgean.
Hy frege doe dy wize lju: 
,,Goemannen, sis, hoe moat dat nou?” 
Hja joegen Sire dêrop rie. 
Har tocht, de bêste wize wie 
Om yn in stienklip dêr by om 
In went te kapjen, tige rom, 
Dêr moast de jonge plak yn ha 
Oan ’t santjind fan syn jierren ta. 
Fansels altyd by lampeljocht, 
Om’t him it deiljocht leedzjen brocht. 

De kening sloech syn wiif dat oer. 
Doe rekke ’t minske baar oerstjoer, 
Mar krekt as hy seach se ek wol yn: 
It moast! oars waard de jonge blyn.

Om koart te gean, it kaam dan sa: 
De boai waard brocht nei ’n hoale ta, 
Dêr’t noait de sinne of moanne him 
Beskine koe. Wie dat net slim? 

Dêr waard er oppast tige bêst 
En hoede foar fertriet en lêst; 
Sa bleau er sûn en lette ’m neat 
En waard er sonder tsjinstuit great. 

Der waarden him twa masters stjoerd, 
Want leare moast er nedich goed; 
Allinne lêzen skriuwen net, 
Mar al wat immen nedich het 
Te witten, dy’t him ier of let 
Foarfêst nei keningwurden set. 

Mar ’t wie dêr dochs in stille boel. 
Hy wist dêr fan gjin hôfgewoel, 
Fan riden, jeien, suver neat. 
Oer feesten tige útwrydsk en great, 
Oer sjongen, spyljen, dûnsjen ek 
Hie ’t jonge prinske gjin bestek. 
Neat seach er fan de hele wrâld 
As syn twa masters – al wat âld. 

Hja murken mei de tiid oan him, 
Mei syn ferstân stie ’t lang net slim; 
Hy tocht oer folle dingen nei. 
Dêr krigen hja soms muoite mei. 
Hy frege harren kear op kear 
Nei dit en dat, soms folle mear 
As hja him sizze koene en woen’; 
Hja wisten faak net hoe’t se soen’. 
De wierheid sizze woen’ se net 
En liigden dêrom dan mar wat. 

Begryp ris! Somtiids frege hy: 
,,Hoe bin ’k er komd? Dêr kin ’k net by. 
Sis, binn’ der sokken mear as wy?” 
Hoe ’t ond’r ’e minsken gyng en stie 
Mocht hy net witte, want dat wie 
Grif foar syn libbensrêst net goed. 
Dus wien’ se net fergees yn noed. 

Al njunkelytsen kaam ’t sa fier, 
De prins wie folút sechstjin ier. 
Doe koe er onder ’t sinneljocht 
En waard er yn ’e hôfstêd brocht. 
Dêr waard onbidich fleur by set 
Mei fluiten, trommen en trompet, 
Mei tyngeltange en rinkelbom, 
Mei steatlik dreunend klokgebrom, 
Mei ruters en soldaten en 
Mei flaggewaaien net te min. 

En doe’t se mei in dei twa wat 
Bedarre wienen fan ’e pret, 
Doe liet de kening oan syn bern 
It hele spul ris goed besjen. 
Hy gyng mei him de sealen lâns, 
Dêr’t alles blonk fan held’re glâns, 
Fan goud en sulver en jewiel, 
Fan side, poarper en ferwiel – 
Dat ienkear sines wurde soe. 
De prins, dy’t him net sêd sjen koe 
Op al dy pracht en weelde, stoe 
Ferbaasd en frege jimmerwei 
Dan hjirre nei, dan dêre nei. 
Op al syn freegjen antwurd jaan, 
’t Wie sikerwier hast net te dwaan, 
Want alles wie him frjemd en nij. 
Hy stie der hast beteut’re by. 

Hja kamen yn ’e hynstestâl, 
Dêr seach er al sa bjust’re mâl. 
Sa’n rige moaie hynders, dat 
Wie ek foar him wer wonder wat. 
Dêrby dy weinen spegelglêd: 
Dêr seach er him al wer net sêd. 
De seal mei skilderijen wie 
Al wer wat, dêr’t er nijs oan hie. 
Hja seagen ek it jachtgerei 
En ’t ridskip foar ’t toernoaispul nei; 
De tún, sa moai yn ’t maitydsgrien, 
Mei bylden fan wyt moarmerstien, 
Mei fivers as kristal sa klear, 
Mei springfonteinen en noch mear. 

Hja kamen troch in seale gean, 
Dêr sieten yn har staasjeklean 
In rige juffers, o, sa moai! 
Mei alles eptich yn ’e ploai. 
Hja knikten freonlik mei in swier, 
Sa kreas as ’t hoegde, en seagen blier 
De kening oan en ek syn soan. 
Dy hie dêr frijwat niget oan. 
Hy sei: ,,Wat dingen binn’ dat, heit?” 
De kening sei út mallichheid: 
,,Dat binne duveltsjes, myn bern, 
Dy moatst mar net tefolle oansjen.” 

Hja kamen ek noch yn in hûs, 
Dêr’t krychs-ark hinge by de rûs. 
Harnassen, skylden, swurden, dy’t 
Se brûkten by de fjochterij 
Yn oarlochstiid. De kening sei:
,,As ús in fijân komt tenei, 
Ferdigenje wy dêr ús mei. 
Myn soan, it leit ek op dyn wei 
Om dat te learen mei de tiid, 
Om klear te wêzen yn ’e striid.” 

’t Wie mâl hoe’n bult de kening hie, 
Dat wol ’t benoaskjen wurdich wie. 
Op ’t lêst kaam dochs in ein dêr oan. 
En doe sei Sire tsjin syn soan: 
,,Wat liket nou dy ’t moaiste ta 
Fan alles wat wy neisjoen ha? 
Ik ha der sin oan dat fan dy 
Te hearren; sis dyn miening frij 
En onbedutsen – skromje net.” 

De prins wie ridlik gau beret. 
Hy sei: ,,De duveltsjes sjedêr, 
Dy fyn ik ’t moaist fan allegear; 
Dy knikten my sa freonlik ta! 
Heit, mei ’k sa’n duveltsje net ha?” – 

1883

Noaten

1  F.J. de Zee, gearst., For Waling-om (Eisma, Ljouwert 1911).
2 Ib., 15. Dat ien fan de bern doe net mear libbe, wurdt befêstige by C. Wielsma, ‘Waling Dykstra 1821 – 14 Augustus – 1911’, Leeuwarder Courant (14 augustus 1911); libbensskets op basis fan ynterviews mei Waling Dykstra sels: ‘Deze echt werd met een talrijk kroost gezegend: vier zoons, van wie nog drie en zeven dochters, die allen nog in leven zijn.’

3 J. de Beer-Dijkstra, Ut myn berne-tiid. Mei foarwurd fan P. Sipma (Ljouwert 1950).
4 Ib., 40.
5 Het Nieuws van den Dag (8 desimber 1884).
6 ‘Mijnheer de redacteur!’, Leeuwarder Courant (8 desimber 1884).
7 Sjoch oer Bruinwold Riedel: D. Jansen, ‘Kan er uit Nazareth iets goeds komen? “Onze Krans” te Dokkum: een opmaat van de Nederlandse Protestantenbond’, Documentatieblad voor de Nederlandse kerkgeschiedenis na 1800 (1 juny 1996). Webside: https://www.digibron.nl/search/detail/012ea9eceb75f8ffb019d666/kan-er-uit-nazareth-iets-goeds-komen Krigen 19 septimber 2018
8 .De Beer-Dykstra, Bernetiid, 40; Jansen, ‘Nazareth’.
9 Waling Dykstra, ‘Teltsje fen in keningssoan’, Wintergrien (Zijlstra, Joure 1886) 134-139.



Geen opmerkingen:

Een reactie posten