zaterdag 21 juli 2018

Auke Boonemmer - In wûnderlike âlde hear

Humme sit allinnich; in âld reisber man komt by him yn. 

De âlde 
Ik moast ris efkes sjen, oft jo ynoarder wienen. 

Humme 
Wa binn’ jo, as ’k freegje mei? Jo meitsje my hast kjel; 
Jo sjugge d’r stimmich út en lykje al op jo jierren. 
Kom fal op dizze stoel mar efkes by my del; 
Jo sille, tinkt my, wol in bytsje rêste wolle. 

De âlde 
Nee man, dat ha je mis, ik bin gjin freon fan rêst, 
Mei sitten en mei stean bemuoi ik my net folle, 
Hoewol’t men somtiids my wol loaiens leit te lêst. 
Ik hâld myn fêste trant, al wurd ’k mei ûntank leane; 
Al wurd ik troch de lju soms rare falsk bepraat. 
By de iene krûp ik fuort, by de oare jit it fleanen, 
Al nei ’t myn gong him let, of tige oerfloedich baat. 
Mar dit is lykwols wier, stil kin ’k it nearne hurde, 
Hjir by jo op ’e stoel gean ’k stadich noch foarút. 

Humme 
Dat fetsje ik siker net; hoe moat dat útlein wurde? 
Jo lykje in âlde hear; binn’ je ek in âlde gút? 

De âlde 
By wilen bin ’k dat al. Je kinne neat betinke 
Dat ik net bin, west ha, of ienkear wurde sil; 
Ik nim soms alles wei, en soms kin ’k alles skinke; 
Ja, fan de hiele wrâld bin ik sa wier de spil. 

Humme 
Dan kin jo mooglik wol moai skiklik kopkekykje, 
En lizze, as ’t frege wurdt, de kaarten efkes rûn. 
’k Tocht dalik wol, der soe fan suks wat yn jo stykje; 
Jo ha my frjemd beskied op al myn fragen jûn. 
Dochs binn’ je hjir ferkeard mei sukke mâle keunsten 
By my terjuchte komd, ik hâld der heel net fan; 
Jo krije dus fan my alhiel en al gjin winsten. 

De âlde 
Is ’t wier? Dan binn’ jo dochs foar my de rjuchte man. 
Oan my ûntkomt gjin ien, wa’t wêze mei of hjitte; 
En woll’ je my net kenne, och, dat is skea foar jo; 
Mar dy’t my goed begrypt, dy kom ik graach temjitte. 

Humme 
Soa, ei? Ik bin oars ek sa dom net as in ko. 
Jo binn’ in âlde prúk, in rare dwerse kneppel, 
En gjin skriftuerlik man wurdt út jo praatsjes wiis, 
Al lein’ je dronken yn in sleat of yn in greppel, 
Safolle stel ik nou jo wurden ek op priis. 
Wa bist dochs, âlde paai? 

De âlde 
Bedarje in bytsje, jonkje! 
It tekent gjin ferstân, sa’n ûnbetocht geskel. 
Net ien kin, lykas ik, mei âlde griisheid pronkje; 
Ik bin de taaiste man en ek de grutste held. 

Humme 
Je, puffe en blaze is neat! Wat ha jo dochs om hannen? 
Bring’ j’ oan in wachtsjend faam in flinke, knappe fint? 
Of soargje jo faak ek foar ûnbemeunst’re mannen, 
As keppelman of sa? Sa lykj’ je wol omtrint. 
Of meitsj’ je Revalente of lichtwol Liebichs fiedsel? 
Of binn’ je Malzextract, of binn’ je Hollewai? 
Jo dwaan en sizzen is en bliuwt foar my in riedsel. 
Of krijt slûk hier en burd troch jo wer kleur en draai? 
Of ha je Tuffelsjippe, of faaks Urbanuspillen? 
Of ha je Borstbonbons, of fan dat Suversâlt? 
Of dogg’ je yn Levertraan of oare fette spullen? 

De âlde 
Teminsten meitsje ik faak de jonge minsken âld. 

Humme 
Da’s ommers glêd ferkeard; dat soe ’k mar leaver litte; 
Mar âlde minsken jong, dat kaam my better foar. 
Dat fine sjippespul, dêr wol ik neat fan witte; 
Kinsto ’t begûchelje, dan nim ik dy foar kar, 
Of kinst’ licht tsjoene? 

De âlde 
Ja, dat moatst foaral mar leauwe, 
Want heste gjin geloof, dan helpt it net in bean; 
Sûnt alle wize lju oer ljochte dingen skriuwe, 
Ha duvelbanders meast in dealis skriel bestean. 

Humme 
Nou, tsjoen dan mar ris wat. Ik ha ferlet fan moppen; 
Help do my dêr ris oan, dan krigest ek in slok. 
Witst net in heal miljoen my efkes ta te skoppen? 
Of rint dat soart fan wurk dy mooglik al te drok? 

De âlde 
Dat tel ik net in bean, mar dan moatsto net sûpe.
 Do praatste fan in slok! Nou, drinken moat men ha, 
Mar dronken kin in minske in heal miljoen ûntglûpe, 
En do woest, seiste, krekt sa’n heal miljoentsje ha. 

Humme 
Ja, tige graach! Wie ’t mear, dat die my ek gjin hinder. 
En helpst my dêrby ek noch oan in deugdsum wiif, 
Mei tsjeppe, kreaze lea, dat wie foaral net minder, 
Dy skepsels binne dochs jin faak fan grut geriif. 
Do witste rûnom fan, fêst ek fan lotterije, 
Ik bin oan ’t folkspaleis al ien ryksdaalder kwyt. 
Yn Hamboarch kin men ek wer sukke lotten krije; 
Mar oan dy poepeboel jou ik leafst net in byt. 
Bisto licht ek in poep, mei bier of sûkelade, 
En heste grutte sifers op in djoer papier? 
Dan sis ik dy foarút, dy spullen kinste hâlde; 
Want wat jimm’ der fan sizze, is altyd lang net wier. 
Do moatst it skikke mei ûnfoege troanjeminter; 
Dêr ha ’k courage foar, al dochst it noch sa bryk. 

De âlde 
Ik steur my oan gjin lof en oan gjin drigeminten; 
Ik meitsje dea bedaard de iene earm en de oare ryk. 
’t Is wier, ik krij dêrtroch de skuld fan ’t iene en oare; 
En dochs, de minsken sels dy helpe my in hân. 
En dêrom soe ’k lûdop wol drystwei sizze doare: 
De minsken yn ’t gemien ha noch te min ferstân. 
De kranten moasten, tocht my, ’t folk sa wiis nou meitsje: 
Dat yn dat wûnderguod in grouwe flater sit. 
Want wol men stadichoan foar lêst en kwalen weitsje, 
Dan hjit it middel meast net nimme! nee, mar lit! 
Lit wat it lichem let en wat de ponge mindert, 
Oars as yn wol betocht en goed berekk’ne dwaan. 
Leau dat my faak genôch dat jild ynpalmjen hindert; 
Mar ’k hoopje, stadichoan sil ’k dommen wiisheid jaan. 
Mar nou fan ’t ien yn’t oar: do wieste net in dommen, 
Neist mienste, seiste niis; mar wêrom hest gjin wiif? 
En wêrom hearskest net oer hele grutte sommen? 
En wêrom falste my dêrom sa lomp op ’t liif? 

Humme 
As flokken helpe koe, dan flokte ik as in ruter! 
Wa bist dochs, wûnd’re knaap? Ik kin der mar net by! 
Do helpst my yn ’e war. Moat ik sa’n âlde snuter 
Utlizze wat ik mis en mooglik nimmer krij? 
Do hâldst dy ûnbekend en wolst my stiltsjes klirkje; 
Mar bychte wol ik net, ik bin in earlik man, 
En earlik moat it, wolst foar my wat goeds bewurkje. 

De âlde 
Nou bychtest al! Domme snaak! dêr komt dyn earmoed fan. 
Dy’t oansjen hawwe wol, teminsten jild fergarje, 
En dêrby leafst in moai en deftich frouminsk troud, 
Dy kin mei earlikheid it altyd lang net klearje, 
Om’t draaierij en koal faak better fruchten jout.
’t Is better datst sabeare in hopen deugden heste 
En earlik libbest, al bist’ yn ’e grûn in snaak; 
Al heste it mar yn skyn, do kinst it goed ferkeapje, 
De measte minsken binn’ de bêste kenners net. 
Allinne dêrmei kinst al aardich jild opheapje;
In hopen wurde by dy hannel modderfet. 
Sa’n frommens, sjuch, dêr kinst allike goed om lige, 
Dy soart fan frommens dochs giet boppe ’t hert jin ou. 
Do kinst in oar der ek wol fyntsjes om foarlige, 
Allinne, pas wat op en doch it net te grou. 
Mar sliepe moast net foll’; hoewol, dat sil wol leare; 
Dy’t ryk wurdt lâns dy wei, is net hiel slieprich meast, 
Men seit it kin te slim, dan wol ’t alhiel net beare, 
’t Gewisse rekket dan te strak soms op it lêst. 
Ik ha se wrychtich kend, dy’t der tachtich jier mei pielden, 
En hienen libbenslang gjin pine fan dy kwaal; 
Mar dochs op ’t alderlêst by ’t stjerren ûnrêst fielden,
En kreunden: ,,Hie ’k dat tocht! o jild! o duvelhaal!”

Humme 
Wy sitte yn skimerjûn, ’t wurdt geandewei al tsjuster; 
De spoekers-oere komt, sis do mar: ,,Kris en krús!” 
Want dalik by dyn komst wie ik de tried al bjuster, 
Ik rekkenje ’t hieltyd út, ’t komt nearne by te pas. 
Nou, gûchelje ris op! al kinst net bommedearje 
Mei ’n lûd as út in tûne, allyk as Ludeman. 
Mar ik ha soarch, do silst it mei dat wurk net klearje,
De hele tsjoenkeunst, leau ’k, dêr witst gjin grevel fan. 
Do moatst oars hjir of dêr yn de Earste of Twadde Keamer; 
Do bist in diplomaat, do bliuwst op ’t selde plak. 
Do bist in praat-mar-fuort, in bulte dingen-neamer, 
Do seist in hele boel, en ’t dwaan wurdt mei dy lak. 

De âlde 
Ik ha dy niis al sein, ’k wie alles of ’k soe ’t wurde, 
Dus ek wol diplomaat. Noch grutter abbekaat. 
Ik hoopje dy dat strak ris efkes te betsjutten, 
Al hest my nou en dan ek foar de holle staat. 
Ik lear de minsken mei gjin lûd as út in tûne, 
Dat grommet my te dof en is my fierste ûnklear, 
Mei chassepots gewear en Armstrongske kanonnen 
Jou ik se soms ris les en sjit se op heapen gear. 
Hja meitsje nou gjin pret mear fan dy moarderijen; 
By âlds gong ’t skraach sa hurd, doe hien’ se der wille fan; 
Hja stookten fjurkes oan om ljocht der by te krijen, 
En bretten libbensliif in frouminske of in man, 
En as ’t te pas kaam mear: de tastel skeelde ’t folle. 
Dat wie har fjurwurk doe; mar ’t gyng my dochs te grou; 
Hoe min de minsken noch elkoar ferdrage wolle, 
Dy wrede feesten skafte ik njonkelytsen ou. 

Humme 
Nee, dêrom doar ik dy foar ’n toov’ner wol útskelle, 
Dat let dy net in bult, hja baarne dy net op. 
Dat wie ek slim genôch, mar as men ’t my bestelde, 
Dan joech ik bare graach wat linich dy de skop. 
Mar nou noch ken ’k dy net. Wêr wol dyn praten hinne? 
Wa deale biste dochs? Wat wolst hjir by my dwaan? 
Hesto it yn ’e macht en soest it skikke kinne, 
Om my in heal miljoen mei ’n himmel wiif te jaan, 
Al bist dan ek in poep, ik jou dy lykwols eare. 
Do kinst mear as rjuchtwei, dat sjuch ik wol oan dy; 
Mar sok in grut kerwei, dat sil wol misbeteare! 
’k Frees dat ik gjin kaptaal en ek gjin frouminsk krij. 

De âlde 
It kin wol komme, mar do moatst licht noch wat wachtsje. 

Homme 
Rin nei de moanne, fint! ’k bin seis en fjirtich jier! 
Wat dochst hjir langer, ju? Do litst dy mar benachtsje; 
Kom, gean dyn wegen mar; ik krij dy oars by ’t hier. 

De âlde 
Ferdwaalde minskebern! Ik moat dy ommers liede. 
Do kenst my ek al net, al makke ’k faak dy bliid. 
Wês net mear sjende blyn, en lit dy fan my riede, 
En achtsje en earje my: ik bin de grize Tiid. 

Humme 
Is ’t wier? Earweardich hear! ferjou myn domme setten! 
Ik stie wol by jo stil, mar seach jo net goed oan. 
’t Is hast in heale ieu, dat w’ elkoar daagliks metten. 
Mar ’k ha jo eale gave al faken raar bedoarn. 
Nou moatte je, as ’t jo bleaft, my net te lestich falle, 
Oer wat ik fan jo wurk en jo hantearring sei. 
Der wurde pillen draaid en alderhanne salve, 
En elkenien dy seit: ,,De tiid dy bringt dat mei”. 
Mar dat je mannichien in wiif en oerfloed bringe, 
En my mar pas genôch of aardich wat te min, 
Al ha ’k it eardernôch foar fêst by jo betinge, - 
’k Moat sizze sa’t it is – dat is my net nei ’t sin. 
En nou, al ridlik âld, my noch mei wachtsjen paaie! 
Wat sil ’k op ’t lêst dermei, al krige ’k al dat spul? 
De froulju moatte my fansels de rêch tadraaie, 
Omdat men, âld en stiif, gjin ien mear haagje sil. 
’t Is wier, je passe ’t soms al nuver bymekoaren, 
In grize, âlde hear by ’n tsjep mar earem faam; 
Mar leau ek, dat je sa rju libbenslok bedoaren, 
En dat it mannichien bedroefde min bekaam. 
En nou begjinn’ je mei Europa’s jonge schoonen 
Sa rij te wurk te gean, it roait hast nearne nei! 
Je stome frachten nei Amearika’s Mormonen: 
Is dat fatsoenlik dwaan, Earwurdich Hearskip? Sei! 
En is dat minsklik dwaan, dat moardzjen en dat sjitten?
’t Is lang ferlyn al sein, je makken ’t ienkear dien; 
Mar letter ha j’ alwer by tûz’nen moardzje litten. 
Wat binn’ troch de oarloch al in bulte om sjippe gien!
It liket langer ek wol dat je gjirrich binne, 
Sa rêd fljucht alles nou mei stoomkrêft troch de wrâld. 
,,Tiid”, seit men mar, ,,is jild”; men skrept troch elkoar hinne 
As gekken, mar men wurdt dochs ûngemurken âld. 
En dan, je bringe ús wol in hopen nije wetten, 
En eltse wet driuwt wer, sa ’t hjit, in ûnheil út; 
Mar altyd het men jin der stellich nei te setten, 
Hoe moai en bêst, it draait op jildopbringen út. 
Mar kom, ik hâld mar op; ik kin tsjin jo net fjuchtsje, 
Je binne earwurdich, âld en ha fêst Adam kend. 
Je hawwe in hopen sjoen en ek in bult ferrjuchte, 
En klachten oer jo wurk, binn’ je ek al ridlik wend. 

De âlde 
Ja, skied mar efkes út; do neamste dêr sa folle: 
Froulju, kwaksalverije en jild, lang net it minst; 
En oarloch, jildopbringst sit dwers dy yn ’e holle, 
Omdatste it mei de geast fan de ieu net rime kinst… 
Foarútgong, wolste ha, moast minske dwaasheid keare; 
De kristenen foaral dy moasten ’t foarbyld jaan, 
En elkoar sa barbaarsk en wreed net knippe en skeare, 
Mar wat se dien ha wolle, ek oare minsken dwaan. 
Do praatste oer Adam ek: dy hiet fan liem te wêzen, 
En dêrtroch wie de minske ek as in klompe daai; 
Wy sjugge ’t, as wy mar oandachtich ’t skiedboek lêze, 
Men jout it minskdom soms foar ’t uterlike in draai, 
Wêrtroch it minskedwaan wat oars as earen liket; 
Men leit oer alles liep in fariseeske klaad; 
Mar sjogg’ je tige ta, dan krij’ je ’t yn ’e kikert,
It minske goed en kwea giet noch it âlde paad. 
Mar ik, ik krij de skuld, as ’t kwea begjint te stekken, 
Hoe goederjousk ik bin, hoe stadich oft ik gean, 
Men neamt myn namme net as kwea derfan te sprekken, 
En rare wurden komme al faak derfoar te stean! 
Mar einlings wurd ik sels de wiiste en lêste rjuchter; 
Ik bûch foar nimmen, en ik bring in boel oan ’t ljocht. 
Ik meitsje leed wer sêft en folle paden sljuchter. 
Ha ’k dy net fakernôch ek goede dagen brocht? 
Ik lien – al mient in minske in hopen te besitten - 
Ik lien him libbenskrêft en sûnens, jild en guod. 
Ik lien – want ienkear het men mei ’t wer nei te litten - 
Ik lien en nim foar my wer letter goed en tsjoed. 
Ferbjust’re minskebern! Wat klagest datste miste, 
Wat ik oan oaren faak yn romme mjitte joech? 
’t Besit fan leafde en jild, ast dêr gjin byt fan witste, 
Dan witste ek net fan leed as ’k mei ferliezen sloech. 
Nee, lake heste net, as leafde en oerfloed dijden, 
By minsken, dy’t it hjir nei sin en winskjen gong; 
Mar kriten heste ek net, as lju, dy’t bitter lijden, 
Wannear’t men misse moast, dêr ’t hert sa fêst oan hong. 
Fergetten heste faak, troch nei besit te draven,
Dat ik in grut besit oan sûnens ha ferbûn, 
En boppedat in rêst, oan earme goede braven, 
Dy’t nimmer by ’n oerdwealske rykling wurdt befûn. - 
Mar datst my murken hest, dat kin ta nut dy liede, 
Do bist, fernim ik wol, my jitte lang net sêd. 
’k Ha fêst foar alle lju wol libbensnocht, al skiede 
Jimme ienkear fan my ou en sliepe op ’t lêste bêd. 
Jimm’ sjugge my hjir wer, dus freugde mei jimm’ barre; 
Jimm’ laken nou en dan en wienen hoopje ’k bliid; 
Sa mei jimm’ hoopje ’k noch in oantal jierren farre, 
Belibje mei elkoar in lange, blide tiid. 

October 1860. Swanneblommen 1872 s. 3-14.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten