maandag 16 juli 2018

Auke Boonemmer (1823-1894) - Fiskje

Angel of fûken te wetter, te wetter! 
Elk fiskje op syn tij, hâlde ’t each mar yn it seil; 
Fang snoeken, fang bearzen, yn ’t moarnskoft of letter; 
Dy ’t earst komt, is foarlikst, wit rûnom it peil. - 
It liket mar dom wurk om fisken te fangen, 
Elk kin, soe men sizze, ’t allike goed dwaan; 
Dochs oare faak krije se as wy se ferlangen; 
Hoe liep wy ’t ek dogge, gjin byt wol ’t soms jaan. 
Dan skowe wy noartich jamk loft, wyn of wetter, 
Of ’t snoer of de wjerheak de skuld op de hûd: 
Wie ’t klear! wie it dûnker! mei súdwyn woe ’t better! 
Wie ’t mylder wie it koeler! Gjin wearlich wol ’t hjoed! - 
Al wer oan! al wer oan! Ek oars kin men fiskje, 
It ark moat men sykje, en befiskje de wrâld, 
Tomets ris fan ’t fjurke jin d’ eagen útwiksje; 
Dat fiskjen besjachelt en jong faak en âld. 
It slimste is it Lok op it wrâldrûn te fangen, 
Faak krijt men ris byt, en ’t giet faker ek wer oer, 
En byt it ris tige en alhiel nei ferlangen, 
Dan sil men it helje; dochs – no brekt it snoer! 
,,Dat is sa! Dat is sa!” sa klinkt my ’t yn ’e earen, 
Fan kreaze jongfeinten en fammen al mei, 
,,Hâld op mar! Hâld op mar! ’t is net te fernearen, 
Ek myn snoer is stikken, en gnod is ’t al wei.
’k Hie in frijster, ’k hie in frijer, ’k soe lûke, ’t soe lukke ja, 
’t Wie wrammels, dat miende ik, oan ’t krijen al ta, 
Noch mar efkes wat heukerje, ’n amerij noch tokje, - 
En doe wie it: Nee man! Ik wol dy net ha!” 
’t Is slim. En ik? - Dom bin ’k. Mar dit moatt’ jim witte, 
In snoer is te krijen. Is d’ angel oars goed? 
Knotsje oan wer! Fiskje op mar, en lit it net sjitte! 
Wol ’t bite, dan mindert al dalik jim noed. 
,,Dat is sa! Dat is sa!” sa hear ik fan fierren, 
,,’t Is krekt saste seiste. Hoe gûlt no de wrâld! 
’k Soe in post ha – soe jild ha.” - 
It folk op ’e jierren ferbjustert my, leau ik -
,,Do bist noch net âld, Oars soeste ris witte!…” - 
Ja, minsken, ’k wol ’t leauwe, 
Stil, stil mar! en harkje dochs efkes nei my: 
Wa fangt dan it measte, de flitige of sleauwe, 
Dan d’ oare kear ’t lieten, - of fiskje opnij? 
Wie ’t waar jimme ûntsjinstber, dat koen’ jim net helpe: 
It waar te bestjoeren is minsken te great; 
Mar bizen en snilen, as dy ’t lok bestjalpen… 
Se keare wol tige, mar oars dogg’ se neat. - 
Dy snilen en bizen binn’ rabbers, en flaaiers, 
Binn’ ligers, binn’ skurken en lykfol wat mear, 
Dy’t, as men se siket, as slimme bedraaiers, 
Hja dûke, en dan kriela op de flotgerzen gear. 
De wrâld te befiskjen, dat soe ik beskriuwe, 
Dochs moat it bekenne, ’t is slim, it is stoer; 
By biten en brokken sil ’t dêrom wol bliuwe; 
Nim ’t, freonen, sa is ’t en sjoch ’t rûchste wat oer. 
Dan, woll’ jimme ’t ha, sil ’k it noch ris prebearje, 
En hjir en dêr noch ris in lyts staaltsje fan jaan, 
’k Sil iverich fiskje, en mei ’t jamk ris mislearje, 
Ik kin it foar dit pas net better noch dwaan. 

Te wiivjen tochte Rein it bêst, 
Hy frijde dêrom tige. 
,,Ik hoech mar ien; der binn’ sa’n rêst; 
As ik myn sin mar krige,” 
Sei Rein, ,,’k joech tel myn rjochterhân, 
En libbe yn’t wier Loailekkerlân. 
Wat soe dat net nochlik wêze! 
Te wiivjen, dat is fierwei bêst; 
Losfeint te bliuwen is in lêst: 
’k Sil Paulus omkeard lêze.” 

 No, Imk wie bryk en oars beheind; 
In keardel as in lôge, 
Dy waard fan Imkje, tocht men, skeind. 
Rein lykwols ’t gea troch tôge, 
Dat hy no ringen lokkich wie, 
Om’t Imkje lân en huzen hie, 
En ’t boaskjen dat waard maaie. 
Doch Imkje mei in knap ferstân, 
Hja wiisde Haw-al fan de hân: 
De snoek soe him ûntdraaie. - 

,,Wat ’n oar earst fangt, mei ik net ha,” 
Sei Jelle, Gaetske frijer; 
Mar ’t fanke sei: ,,Ik sis ’t dy ta!” 
De feint wie frijwat blijer. 
Want Gaetske wist wêrom’t er kaam, 
En dat er har út leafde naam, 
Doe woe se ’t herte ’m skinke; 
Se joech in rike gek de bûns, 
Dy rekke, mei in bult gegûns, 
Oer ’t jild, men kin ’t wol tinke.

No is de steat jamk ûngelyk 
Yn ’t faak besprutsen frijen; 
Net ien tink’ him troch boaskjen ryk, 
Want meastal jout it lijen. 
Dochs twa, dy’t troch in súvre minn’ 
Ferienige yn in ienlik sin, 
Dêrfoar is ’t romme wille. 
Kom, leafdefiskers, feinten, kom! 
En, fammen, kear der net foar om, 
It lok kin d’ angel tille. 

En komt it dan ek al ferkeard, 
Troch flaaiend falske minne, 
As op ’t lêst de tiid it leart, 
Tink frij dan ek: Brui hinne! 
Seit ien, al is ’t oan’t krijen ta, 
,,Nee man, o nee, ’k wol dy net ha;” 
Al weroan ivrich fiskje, 
Jimme angels binne rjocht en goed, 
En byt it wer, ha dan gjin noed,
En wol de triennen wiskje. - 

Ik beevje in bytsje, as ik jimm’, 
Yn ’t net wer útskuord frijen, 
Fan skate herten sprek; ’t is slim, 
Bringt Stjerren Leafde yn ’t lijen. 
En as de dea se inoar ûntnaam, 
By wa ’t al ta in boaskjen kaam, 
Neat kin dan ’t lok wer helpe - 
Ei ja! in twadde stiet wol op, 
En nije leafde riist yn top, 
Al leit ek d’ earste oerstjelpe. 

,,Wat ha ’k no hjoed wer wearlichs sjoud!
Hjoed? Wrammels ’t hele libben; 
Myn hûd is hurd as wie se toud; 
Mar ’t flesk giet fan de ribben. 
En laffe kost, meast sûnder fet, 
Dat is ’t wat men te bieden het,” 
Sei Jogchum tsjin syn wyfke: 
,,Ik sykje en fiskje om better steat, 
En ’t helpt my, by Jan-dul, mar neat: 
Heal folt myn liif it lyfke.” 

,,Och no, it is sa’n djoere tiid, 
’t Sil ringen better wêze, 
Sels riken binn’ net jimmer bliid; 
Koe men oan har ’t lêst ris lêze, 
By alle lekkers, huzen, klean, 
Men woe der faak net iens nei gean,” 
Sa spriek benoege Moeke. 
,,It izer blinkt sa net as goud, 
Dochs skippen wurde der oan betroud, 
En lêsten kin it lûke.” - 

,,No, dan bin ’k fêst in iz’ren man, 
Sa wol men my dan brûke; 
Mar ’k ha mei ’t al myn nocht derfan, 
’k Hie leafst wat better fûke. 
Doch Tryn, dyn ried is goed foar my, 
Ik fiskje om duldigens opnij, 
Al duorret it noch langer; 
Fêst komt der dan wat rummor om, 
As ik ’t goelok wat neier kom: 
’k Wurd ek noch wolris fanger! 

,,Ek koarde of jern, of side of lint?” 
Ropt Hil by alle huzen. - 
,,Neat nedich, Hiltsje! foar gjin sint; 
Der komme hjoed wol tûzen:” 
Sa klonk it mar út eltse hûs. 
,,In treast,” sei Hil, ,,men kin in lûs 
Net mear benimme as ’t libben; 
Ik sykje en fiskje oeral om brea, 
Mar rêd my pas fan hongerdea.” - 
’t Falt swier sa om te stippen. 

In Doomny preke yn Nearne-brek, 
Knap, sa’t men it behearre, 
Alhiel en al nei ’t âld bestek, 
Sa’t neat deroan mankearre, 
En kaam Rjucht-út no ’t amt oars ta, 
Dy woe men dêr mar lang net ha; 
Fij! Soe men him beroppe? 
Dy hie dêr ommers planút sein 
Dat men ek wol breidzje mocht op Snein. 
Elk woe him no wol skoppe. - 

In master wie te Neat-um komd, 
Hy hie der solsitearre, 
En waard der strang eksamen nomd, 
Yn neat hie hy mislearre. 
Dochs kwea beskied: - hy droech in rok! 
En kui’re mei in gongelstok! 
Dat kamen se te hearren. 
De post soe ’r ha… Mar no dochs net: 
Hy hie der ’m licht wol skrep op set, 
De bern dat dêr te learen! 

Rjucht-út fûn tel in better post; 
De master like ringen; 
Mei knappens hie ’t him muoite kost’, 
Om’t snilen ’t lok betingen. 
De beide doarpen binn’ foarsjoen, 
Twa oaren binn’ de posten jûn; - 
Mar dat se der sukken krigen! 
De Neat-oms master leart hast neat, 
By Nearne doomny is er great, 
En dy – docht neat as ligen! 

No ha wy noch net ienris tocht 
Om Stoffeltje har kueren. 
Hja hie har jild nei ’t tsjerkhôf brocht: 
,,Om’t elk sit mar te glueren; 
Ik kom komselden op ’e baan, 
En dochs is ’t neat as liene en jaan, 
Se soene jin earem skoaie. - 
’k Ha dochs in liepe set útfûn,” 
Sei hja, ,,op ’t tsjerkhôf yn ’e grûn, 
Dêr sil ’k it hinne tôgje.” 

Dêr wie doe krekt in dobbe, in gat, 
Dêr koe it rêstich lizze. 
Hja treau ’t derûnder, trape ’t plat, 
En nimmen soe doe sizze, 
Dat dêr op ’t aaklik deadefjild 
Bedutsen wie sa’n poarsje jild. 
Dus ’t âlde sloof wie rêstich. 
Mar dat se, as hja ris wer wat brocht, 
Altyd om dea en stjerren tocht, 
Dat wie har bare lêstich. 

It reinde ris, ’t wetter spielde ’r oer 
Dat Mammons boeltsje hinne, 
Dochs rûn yn ’t iepen grêf, dat doe ’r 
Wie dold, dêr lyts fandinne, 
As Stoffeltsje in ryksdaalder naam, 
Yn ’t tsjuster by har jildstee kaam, 
En yn it grêf del trúz’le. 
En Stoffeltsje bleau wei en wei, 
Elk socht om har, en frege dernei; 
Mar ’t jild wie oer har grúz’le. 

Mei ’t fiskjen op in steile wâl, 
Stjer-eagjend op de koarken, 
Wurdt faak de holle licht en mâl; 
En dy’t yn ’t wetter toarken, 
Behearden folle, of tochten net: 
It skeelt wêr’t men jins fuotten set, 
Om net yn ’t djip te sinken. 
Dochs is suks mannichien al bard, 
Dat nimmen dan fan ús sa fart, 
Elk hâlde ’t yn syn tinken. 

Hans Weachhals sei: ,,It liket bryk! 
Ik kin hjir neat mear fange, 
Dat is: ’k hâld op! - Gjin wurk allyk, 
’k Ha lang en let ferlange. 
’k Wol langer fiskers ridskip ha, 
Fan Fryslân oant Amearika, 
Dêr wol ’k in soadsje helje.” 
Sa’n lange angel einlings fûn, 
Treau hy dy yn ús âlde grûn, 
Dochs moast it djoer betelje. 

,,Sjoch no ris oan, hoe’t it lok al byt!
’k Sil daalk it boppe lûke,” 
Sei Hans. - ,,’t Is oft dy heak fêst sit… 
’k Moat oare middels brûke.” 
Hy foer oer see mei grut gefaar, 
Te sjen hoe ’t wie, en waard gewaar, 
It wie mar wyn en wetter. 
De stok is hjir, en Hans is dêr, 
Syn jild is op, hy komt net wer, 
Neat helpt him syn geketter. 

,,Dat fiskjen is ferfelend wurk,” 
Sill’ jimme mooglik sizze, 
Dochs skien ek mannichien dat murk, 
Gjin kryg’le lit it lizze. 
Mar ’k ha der nôch fan seid, sa ’k mien, 
Hat myn gerimel wat foldien, 
Ik lit it hjir by bliuwe. 
Se fisken meast om ’t deiske brea 
Dêr’t ik ’t oer hie; om ’t minsk’ne kwea 
Wol ik no net oer skriuwe: 

Kwea-minsken ek ha fûken út, 
Wjerheaken oan de snoeren, 
En steane jamk nei oarmans bút 
Te miken en te loeren. 
Mar ik sis, yn rûne Fryske taal, 
Ik ha mei har leafst gjin gemaal, 
’k Wol rjucht en sljucht leafst bliuwe; 
En wa’t dêr krekt allyk mei stean, 
Dêr wol ’k wol mei te fiskjen gean 
En fiks myn part bedriuwe. 

Angel of fûken te wetter, te wetter! 
Elk fiskje op syn tij, hâlde ’t each yn it seil, 
Fang snoeken, fang bearzen, yn ’t moarnskoft of letter; 
Dy ’t earst komt, is foarlikst, wit rûnom it peil. 


Ut: Iduna 1853, s, 35-45.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten