zaterdag 8 juli 2017

Ikoanysk, wurdt sein

                    Dou bist opwoechsen tusken wiuwende wieren 
                                         Sjoerd Spanninga 

          Toarnekroanseestjer, 
wêr binne de wurden dy’t mei my boarten? 
Dêr’t ik myn strofebouwers fan makke: 
de ôfbûgjende rigels fan it fers, it terpskelet 
as it altyd thús fan wetterfilterjende polipen, 
dy’t it seelibben nimme as neibestean 
          fan eigen deaden. 

          Toarnekroanseestjer, 
anonym as ûndernimmende snorkeljonges, 
garders fan lok mei syaankalybommen! 
Inkeld inket fan gleiïge gorgoanen swevet 
swart foar dyn dûkmasker fan deagraver. 
O, ik rekkenje dy ta de flugge fernielers 
          fan ’t sirkulêr systeem. 

          Toarnekroanseestjer, 
wêr is ’t wûnder fan ’e rôzereade kalkalgen? 
De seeskriezen, se fleagen oareweis, en alle
papegaaifisken ek foargoed fan dy ferjeid; 
spûnzen, stjerren, mollusken ferfarden mei. 
De dea is in bleekmiddel nei it ôfstjitten 
          fan zoöxanthellae. 

          Toarnekroanseestjer, 
meidatst it fokabulêr weifretten hast 
om soerstof út ljocht, litsto dyn wrâld stikke. 
Stadiger stjer ik as koraal, dat earmoediger 
fersjit fan kleur noch as myn memmetaal. 
Algen op ’e flecht binne boadskippers 
          fan asphyxia. 

          Toarnekroanseestjer,
noait ha ik witten dat seeën ferdronken.
Mar spegels stiigden, oertalen krompen,
sels by 't hânoplizzen en 't ûnderdompeljen.
"Ikoanysk", wurdt sein. "Unmisber" klinkt
like fierwei en falsk as de skulp dy't sjongt
          fan biodiversiteit.

          Toarnekroanseestjer, 
do earm dier! Dyn natuer kinst net helpe. 
Ik miskien, mei wat seemanslok en fidúsje 
yn dronkene tongen bemasterjende wieren.
Wer wurd ik rif dat ûnder oerflaktes groeit 
as dwers libben, dat poëtysk tsjinstanner is  
          fan alle ferdwinen.

          




.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen