zaterdag 8 juli 2017

Folkloare

Binn’ der kommersjele kânsen? Dan lês ik oan 
   toeristen dizze hichtepunten fan myn lân. 
It terpepaad rûn as in tsjûke rêchbonke 
   fan truncus cerebri nei dêr’t sketen stjonke. 

Dêr’t it wetter yn 'e winter spoeken opjoech, 
   foel op ’e kanten grûn foar ekers droech, 
as ’t hiele nergenshuzen yn it skreppen 
   seadden kroade foar de eigen himeltreppen. 

En lei der hynste-iis neist de leechlânsdyk, 
   ik bruide derhinne as in bok yn ’t romteryk; 
blyn tusken sinnebrillen en simmerjassen, 
   dôf foar it brekken fan iis- en ierdeskossen. 

Wat ik dwaan soe, stie muorrefêst yn ’e tiid: 
   it fierder perfeksjonearjen fan it toeristeliet. 
Stie de sinne heech, dan hie ’k in rûchhouwer 
   yn ’e knappe knûsten, of ik lei yn ’e Fjouwer 

foar ierdappelbakken krom, en de bûssint 
   dy’t in doarpsjonge fan bouboeren wint. 
En wykeins omkrânse winst de partoeren 
   mei reade roazen fan arbeidersselsbestjoeren; 

foargoed stie it doarp by marketeers op ’e kaart. 
   De befolkingssifers haw ik altyd paraat: 
hast tûzen dy’t ûnder telegraafpeallen songen, 
   helte minder as krimp troch kriten gong, en 

ik skriuw om utens ek in boekje oer it plak, 
   dat út himsels gjin niget oan ’t ferline hat. 
De boeren fan doe, se binne bedobbe; 
   inkeld de wyn dy’t grêfstiennen skrobbe. 

It wie op in kear – ik wie der sels ek by – 
   yn ’e finne, de stripe dy’t pake betocht oan my: 
de lichten strûpten folle djipper derûnder 
   as noch gaadlik is foar Noachs rêdingswûnder. 

Op ’e iisbaan, blank sûnder Wilders of pomp, 
   far ik no om yn in strontbesmodzge klomp, 
súksesfol beskildere neffens regionale folkloare 
   troch brykpraters, dy’t bûtensteanders bekoare.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen