vrijdag 14 juli 2017

De skarlún

Dagen binn’ der dat ik allinnich, 
   inkeld wapene mei in angel en in goed 
sin, om hikken hinne draaiend 
   as fisker-jeier it oait iepen fjild yn rin. 

Ik bin dan de útsûger fan aaien 
   of meitsje pykjes ûnwennich. 
Ik ken de neisimmerske rispinge, 
   útslachtsjend wat ik út ’e rûchte win. 

Mei it lytse bytsje op stâl yn wintertek, 
   binn’ der ek dagen dat ik ferrek. 
De blêden bultsje al foar it waaien, 
   mar dogge dat skilderachtich. 

En ik ken de geilens fan it graaien, 
   it lippestiftsjen fan de fiskebek. 
Ik stroffelje oer de gripe yn ’e groppe, 
   flok sa folksaardich prachtich. 

En dizze dagen, no't ik allinnich 
   yn learzens de paden gean en gjin 
siele meinim, no't ik op ’e strún 
   en op rôf út bin, in deihier win

op sinnekavels - duorsum ûnder stroom
   in stek deromhinne -, se meitsje my
noch myn lânsman it strunen tsjin.
   As ik de wurden mar meinim 

út 'e opskuorgebieten, lit de sinne 
   syn fjoeren wol yn 'e lûden omriere. 
Oant brân op ’e krún yn reek ferrint 
   oer 't bûtenfjild, do ferreizge skarlún.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen