donderdag 1 juni 2017

Yn 'e Harne

Myn lân, fan glimkes op ’e Ried en moarns 
   betiid op knibbels oan 'e seame; 
it fiskwetter krûpt by de wâlskanten op; 
   it gemaal lûkt nei grutter streamen. 

Do hast my makke sa’t ik bin, algeduerich 
   hinn’ en wer, fuortgean en stilstean, 
yn in weiglydzjen wer weromgean 
   nei bobbels op ’e dyk, sa hyt, 

yn ’e tiid dat gjin kat in klau útsloech 
   en as it reinde mochtest binnen bliuwe. 
Mei fjoer baarndest wetterferve droech. 
   Myn iten? Dreech hapke yn it hea. 

Dit iepen boek, dyn folplante platte polder 
   ha ’k rjocht en sljocht op ’e lea, 
oant ik de feiten yn ’e bulten fei 
   as page-turner foar de sûkersnobber. 

Ek slûpt de froast wol om myn klinte, 
   de hoksruten ticht as de ribbelfeart. 
Ryp redendielet oer de gerzen; 
   dize oer de net fertroude jarresleat. 

Seepolderlân, hoe’t ik dy belykje yn wêzen, 
   ik lit it, op ’e dyk, foar oaren lizze. 
De grutte wrâld wikselet as de wolken. 
   Alde Harne, do hoechst neat te sizzen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen