vrijdag 16 juni 2017

Waaie

1

It bûtendyks leech, dêr’t men grutter groeit 
   As hânsum gers, lofts in sys, rjochts in bes, 

Lân dat om my hinne út it each ferdwynt; 
   By ljochtmoanne niigjend nei see, 

Om tsjin fiven as fleanfjild te begjinnen: 
   It libben is der lytser. Men bliuwt der leaver  

Wei, en wurdt op jins fuortgean út ’e winkel 
   Eskortearre troch in spesimen út in boek. 



2

Mar dan hat men de aaien al stellen, de swart- 
   Spikkele fan de lêste survivor, nettsjinsteande 

Grizer, greidefûgelûnfreonliker berjochten, 
   Skreaun yn spegelskrift boppe seedunen – 

En hûndert kleuren grien hat men meinommen, 
   De grizen fan modder, by dobben en 

Greppels skaaiend nei túnierde, mar earm 
   En skier wol weihawwend fan bertegrûn. 



3

Tûzen trillers, samar wei, ferjit ik net – rûne 
   Kykgatsjes yn it spierwyt simmerlekken 

Fan de wyn, of yn syn sonoare wintertekken – 
   Hat de loftstream oan de rinner jûn. 

Tel dêrby ek wat fljocht, krûpt, bokt en draaft 
   Tusken de pôlen, of hiel de wrâld yn ’t rûn – 

It bûtendyks leech, it makket jin net lytser 
   As in wynderjen yn ’t grutte waaien.


.

1 opmerking:

  1. wAiolos, Eolus Sexbierem, hiem, hânsem.
    't Noàrderleech der't m'n greoter groeit,
    't makket j'n nèt liitser.
    'n Siis en 'n bes binne fugellûden, noaten,
    'n Fleanfiéld, Keech, en fûgelbook?
    Ljipaaisiekje, dobbe en kobbe.
    Tuunierde en bertegroen, pôle, Pales.
    Skreon iin stereo b'uppe 'n seeduun?
    50 tinten iin myn Dea' iin 'e Dieze.
    Kyk? Kypje, kypgâtten! 'iertiid oarsom?
    Sonoar Cimmerlecken, spierwhite wintertecken.
    GJ: what fliught, croept, bockt, draaft.

    BeantwoordenVerwijderen