woensdag 14 juni 2017

Memmelân

                  Where in the hell can you go 
                     Far from the things that you know

                    Natalie Merchant

Sjoch ik har dêr stean, sa lyts en dûbel, mar rjochtop
   En likegoed by flearen hearrend as de hekkele sleat
Dy’t fan ’e trijesprong foar ’t hûs de lege mieden yn rûn.
   Skjinfeid is har tafel, hjerstmis pleistosene boaiem:
No is Sybrens Hiltsje’s duvelsk plak yn ’e kroniken,
   Hjir, fan opbloei en fernieling, rônfels, en fan werberte –

Sa’t mem it wollen hie, dy’t alle dagen dochs in pypfol
   Mei har te praten stie, meast nei de kuier mei de hûn.
En sa’t myn hastich weigean ienris hiel de ryp feroare,
   Ut wenstich brike set, nei simmerdagen eksters yn ’e hage,
Spotsk wersprekkend boeren yn har rêde fûgelfrysk,
   Sa woechs in eigen krite, en waard stadich memmelân.

Lân fan taal noch net, mar blommetún, fan Jabiks Jantsje’s
   Djippe dollen om in âlde sint. Of faaks in pypke
Under afrikanen, om de see wer yn te hearren.
   Sy gie stil werom, de noait folmakke, ommelânske
Reiskes nei in op- en delgeand lân fan ljochte bosk:
   Ivich hinne-en-wer, in simpel krús as swijende tsjûge.

Op ’e buorren, fier fan ’t oeral hinne saaid beton,
   Kwea, dat tichterby ús krûpt, en oanwaakst mei de dei,
Under dekking fan ’e hellereek – de tiid, in ûne,
   Wol risselwaasjes foar in wynhoas en in reinfabryk –
Wolk dy’t driget, dochs noch tellen op him wachtsje lit –
   Op ’e buorren kom ik thús as de ferlerne soan,

Dêr’t ik Martens Afke’s man oait fan ’e brommer skopte,
   In fuotbal traapjend nei it heechste dún fan ’t Amelân,
By ûngelok, út brek wol oan in minimum ferstân.
   ’t Bewiis? In bal bedarre yn it net fan kleurefoto’s,
Mei kartelrânen, fan in mem mei swarte flinterbril
   En alle dagen wiene simmerdroech en winterstil,

Fol triljend knibbelwurk, yn reade of yn giele tulpen,
   Rigen rjochter as in strjitwei, blommen koppe, bollen
Socht dêr’t neat as modder lei en nei de himel trape.
   Letter mocht ik yn ’e hûs fan Reinders Yfke brochjes
Snobje by de kofje, en in lang ferstoarne boer,
   Mei learzens fol ferhalen op ’e rin nei de seedyk,

Kloppe nei in skoftke mei in honger op ’e doar,
   Te freegjen yn wat skrikkeljier it wurkfolk libbe,
Dat, om op ’e wâl te kommen, God gjin fragen frege
   Mar de miswier yn ’t gewaaks oan eigen hannen hie.
Memme-eagen stjoerden stiif en strang de man fan ’t hiem,
   As hie er har misdien. As wie se hommels foar him fallen.

Dan op ’e dyk, mei sicht op see en lân, twa kilometer
   Fan ’e ryp, mar ûnderwilens sinnestelsels fier
Fuort, hâldt samar, en ynienen, memmelân hjir op.
   Doarpsfroulju springe jong yn see; de bern dy krimpe wei;
It lân leit sûnder earm, de taal fan thús hat gjin ferwar.
   En oerlangsum wint de soan, fan ljocht en longen fol,

Yn syn seil in wyn dy’t geunstich is, om nei Njords Freya’s
   Winterwente ta – en dêr, nei brek en brakke nachten,
Inkeld yn 'e skyn fan ’t bernelampke oan te kommen.
   Mei fan ’t regear wol dizze koarte krabbel yn it paspoart:
Is fan ’e ryp, mar hat syn spoaren wol fertsjinne en,
   Boppedat, der komt in lyts seefarrend folkje mei.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen