maandag 12 juni 2017

Keallepoaten

Dy’t fan jierren achtentachtich is, 
   mei tearen wol, mar men jout it him net, 
foar him is it net te let om te freegjen 
   nei it lykwicht yn ’e lannen. 
Dêr’t wy draafden, rinne wy mank 
   en wy reitsje inkeld op bêd mei tank 
   oan ûnderbetelle hannen. 

Us begjinnende ingel komt te let, of 
   hielendal net. Wy freegje dêrom buorfrou – 
dy soe dochs in loopke dwaan – 
   om keallepoaten – dêr’t se foar nei it 
frijwilligerswinkeltsje pesjantelet. 
   Dat is op syn bar al djip weikrûpt 
   as noat yn in proefskrift oer krimp, 

en lykas de skoalle fan master 
   út ’e basis set; aansen skrapt út it kadaster. 
As der by ús skille wurdt oan ’e doar, 
   is ’t in pleatslike prater yn ’t spier 
foar in lang ferjitten feriening. 
   (Of it is in kolporteur, foar de ferkeap 
   fan keldere ûnreplik guod.) 

By de bûtenste huzen fan it doarp 
   slikje de wolven al oan ’e drankdoazen.
It miene perkje leit der ûngedien by; 
   de wyn plonderet de lêste titelroazen 
út ’e fertiksele floara yn ’e border 
   en klimmerblêd slacht syn slinger 
   om de skonken fan in achterbliuwer: 

foarbylden fan sels inisjatyf toane. 
   Dy’t fan jierren achtentachtich is, 
mei tearen wol, mar ek mei ekstereagen,
   sit ûnder it wikseljen fan loften 
yn liende tiid en rânelân te wachtsjen,
   oant de ‘iepen mienskip’ him wer meldt
   en buorfrou komt mei keallepoaten.


.

3 opmerkingen:

  1. Hast 't dichtsjen op 'e nij uutfoen, Abe.
    Caèllepoaten iin 't cadâster fon Rânelawn.
    'n Loopke pesjantelje iin tebekrinnend tall.
    'n Skoalle uut 'e basis, forgetten foriening.
    'n Colporteur forkeapet keldere, faest guod.
    't 4e couplet hav Ik âs biolooch minder muoite
    mey âs oaren: Duutske wolven iin East-Frieslawn,
    't Miene perkje ûnforsoàrge id de Brink, keats-
    fiéld, miensker, parket, Upstalsboom, boàiem, bêd,
    Border of Scots, "fer-tiksele floara", plânten of
    blommen mey tiksels, stikels sûnder toàrnen ...
    Myn foàrste Frieske públicatio wie 'n resinsje
    oer Atlas Floara fon Frieslawn 1978, èk fergetten
    sigge, iin De Stiénnen Mân. (Caspar de Robles)

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Vege: Koekjes binne it. Narcis gjin roas. Tuun-erf.
      Perkje, Gr. herkos, horkion, orkàné, L. arcanum.

      Verwijderen
    2. Vege: Koekjes binne it. Narcis gjin roas. Tuun-erf.
      Perkje, Gr. herkos, horkion, orkàné, L. arcanum.

      Verwijderen