dinsdag 13 juni 2017

Jiskelân

Geandewei en geandehinne haw ik west
   en op in junydei nei Spannum. 
Dêr haw ik in foto fan har makke, 
   net fier fan ’e bakkersûne fan Waling. 

Sy hat my doe mei sêft potlead tekene 
   yn it gers by de tsjerkemuorre. 
Westlik lústeren de hôfsbeammen, 
   de sinne woe dy kant net út. 

Wy krigen, op ’e weromreis, 
   by Wjelsryp kado’s fan Mexico – 
ús noardlik libben is in doarpsfeest. 
   Okeren seagen wy om ús hinne.

Ferwûndere dat granyt nei swevel rûkt, 
   yn Frjentsjer, dêr’t wy wennen, 
wie ik myn leafste in reisgids, 
   mysels in tagediene freon, 

en doe’t wy lang om let it Bilt berikten 
   siet der slok yn ’e tank 
om it flamjen op seedyk te besjen; 
   de pearkes, har jûnpetearen, 

cap yn ’e hân, kniper op ’e rok. 
   Thús joegen we tûken te iten. 
Pylgjerend yn ’e ferjitlike nacht 
   ha wy boek en blêd betocht, 

mei moaiere letters foar ûnderweis. 
   En om ’e papyrusrol te droegjen,
sloech de sinne in side om; 
   se lies in lytse kronyk fan it jiskelân.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen