vrijdag 16 juni 2017

Hokkelingen

                           Foar Jacobus

Trotsearjend ienjierrich stikeltried, 
   benijd folk dat op ús ta draaft, 
telle wy segeningen. Wyn, 
   dy’t iepen oer buizen blaast, 
jout by fleagen permisje 
   ta stroffeljen, ta dûzelingen. Slink
dy’t folrint, blauklaaiïch koar, 
   swel ticht op ’e hûd fan in flinterke
yn ’e wynderingen. Swart 
   skiep dat brún skyt op grien; 
skiere grize fierte lit it wite 
   lizze achter wjitteringen. Stikels 
fergearre ûnder de wolken 
   freegje gjin machtigingen 
foar tagong ta it ryk om ’e dobbe. Wy 
   lizze inkeld te kyk foar kypjende 
ljip, bokkende hokkelingen.


.




Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen