zaterdag 24 juni 2017

Heitedingen

                                     Foar Elske Kampen

Wat in heit makket, dat wit ik wol,
   hy docht de heitedingen. 
Syn soan leart er it ljeppen, wat ik mines 
   ek bybrocht ha, mar dat binne se tink
   fergetten. Lykas hoe te fytsen  

yn myn taal. Al is de ferbining 
   kearsrjocht, sjoch mar hoe’t er swurd 
en kroade snijde – of wie dat pake – 
   op ’e wurkbank.  Hy makke – 
   sa’t it like – de wrâld en alle saken. 

Somtiden, as it knypt, as it fan binnen waait 
   dat de knipers oan ’e line draaie, 
blaast de wyn jin fan jins leafsten wei. 
   Somtiden, as it rommer kin, 
   slacht men om ’e romte in stek, 

om jins folkje fêst op fuotten 
   en út ’e sleat te hâlden. Somtiden – 
sjoch ik him oer de merke rinnen,
   by de draaimûne del, nei de sûkerspin, 
   nei de sjittinte, mei myn soannen.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen