dinsdag 27 juni 2017

Goejûn, Delphine

                                    Midsimmerjûn 2017

Azem út Brugge, oandraven komst as in súdwester 
   oer de greide; jûnsloft oer Wytgaard bewaait. 
Ferdwinende boartersguodtrekkerkes ride 

   mei dy mei, wylst ûndertekse fleskes klappe 
leech yn ’t krat. Op Tsjissema State sil immen sprekke 
   yn 'e skuorre, sa’t selden sprutsen wurdt. 

Earst ôftaastend, hoeden, traach. Dêrnei mei egards 
   en ferûntskuldigingen foar fragyl en fan fier. 
Dan swellestutterich hinne-en-wer, as it waarglês 

   knypeagjend nei de bûterdrippen, saniis 
noch fallend bûten.  Oan 'e ein applaus,
   lang net wiis, o hagelslach mei sachte -g. 

Goejûn, Delphine! Do bist ek oait ridderslein 
   troch in skriftkultuer, en optekene yn it ûnhillich
berteboek fan noait om frege memmetaal. 

   Wolsto dan nou it bûthús fan 'e mûzen befrije?
Is ’t mei dêrom, dat wy poezebrokjes jouwe? 
   Byt mar ta, sis ik. En do seist “(Mi)au!”  

Beweging te wêzen op de lêste kuil, dy kûle 
   kinne wy omhinne. It leafst litsto Gezelle 
de simmermieden meane, mei as feint op dyn side 

   de krúsbôgesjitter: ,,Ik zei het nog: gele papiertjes!” 
Mar do diest it, Delphine – ús leksikons
   it leksum opsizze. Om súdlik wer te ferdwinen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen