zaterdag 17 juni 2017

Emigraasje

Oan de jierlikse moanitor útwintering bijefolken 
   is troch 1.643 ymkers meidien. Wy rûzje dat soks 
24 persint is fan de sântûzen aktive ymkers 
   mei harren – al mei al – 15.723 bijefolken. 

Dy ymkers ferlearen by ’t winter sa’n 25 persint 
   fan ’e folken – de heechste stjerte yn alve jier. 
In tredde fan ’e ferlerne folken bliek folslein 
   ferdwûn yn ’e maityd – dan hat men faaks

de drinkplakken net tsjin ’e kâlde wyn beskerme 
   en de mûzeroasters moarntiids net weihelle 
om se yn ’e jûn wer op ’e nij te pleatsen. 
   Men hat de stiselkoppen net har fet jûn, 

mei fan gefolgen dat it mei de durchlenzung 
   ek neat wurdt, en as it bûten tsjinwierret en 
min fleanwaar is, kin briedstilstân optrede, 
   benammen as it winterfoer oprekket en de ymker

sûkers rane moat tsjin de kristallisaasje, om 
   de ferdwyn- of hongersykte foar te kommen.
 Mei 34 persint fan ’e folken waard reizge, it meast 
   nei koalsiedfjilden, mei útstapkes nei, mooglik, 

mais. Al hawwe de tamtearre wurksters dêr mear 
   smjucht op as de âlde keninginne. Dy’t sûnder 
ferwegen wachtet yn har klûs op it dialekt 
   fan in nije moer: it trompetsinjaal fan de eksodus.


.

6 opmerkingen:

  1. Reacties
    1. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen
    2. Allahmachtich, néonicotinoinen, iden.
      Alle proaza kinst poésij fon maitsje, langer.
      Krij se Bij de Poésij! Opus, putsje.
      Titel deckt de lading - tink - nèt.
      Fólkemoard is nèt 't sellde âs emigratië.
      Ami- of semigraasje oer d'Iems.
      Bijke. Bijewolf. Abeilloup.
      Bialycos. Heim, iempie, nimbus, wólk.
      Moanitor, dân èk exoadus, of oarsom.
      Èxodus ig gelearde uutspraak.
      Where im myn swarm bedarre?
      Wörkster, gâstarbaidster keninjinne iin 'e dop.
      Eigen wörkfólk earst 'n baan.
      Stizelkobke, blokfink, Wout Koolmees, D666.
      DurchLenzing? Maitiidzje, maitiid maitsje,
      ûngetiidzje, uutwinterje.
      Varroa-myt iin 'e cell.
      'n Fearn fon 'e 7.000 iemkers
      mey woll 15 toezen fólken.
      1/3 fon forlerne fólken if fordwoen.
      'n 3e fon 'e fólken raisge ney
      koàlsiedfiélden of mais
      Lawn fon molk' en höning. Simsamsons liow:
      Swiet guod gong uut fon 'e sterke.
      Praat jo moer's taal!

      Verwijderen
    3. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen
  2. Goejûn Dauwe, eksoadus soe in slimme flater wêze, de klam komt dan op de -oa te lizzen.
    By 'Emigraasje' soest ek tinke kinne oan 'Innere Emigration'.
    Groetnis@

    BeantwoordenVerwijderen