zondag 25 juni 2017

It merkeskip

Dêr komt Kloastermans draaimûneskip yn ’t sicht; 
   ik sil helpe om it spul it keatslân op te krijen. 
De feal beskild’re hurdboardplaten, keatlings, spankabels, 
   de bakjes om boppe de buorren út te fleanen, 
en ek de 52-toets Bruder, dy’t wol ta swijen bringt 
   de man dy’t yn ’e krante freget: ‘Wat nut 
hat it yn ús tiid noch, mei syn oerrinnend skala fan 
   útgeansmooglikheden, om op in doarpsmerke te frijen?’ 

Mar men is alle merken mei. Ik toarkje mei de boargers 
   om op ’t fjild; mids sunige boeren en folle rijere 
sujetten hâld ik it mei potsemakkers, foar de man oer 
   mei sedeprinten om him hinne. Ik trochsykje 
de djippe kretten fan ’e nearingdwaanden en ik dûnsje 
   yn ’e rûnte mei it jongfolk by de blaaspoepen. 
Faaks komt de tûne foar it kattekneppeljen foar ’t lêst 
   foar ’t ljocht, en wurdt sein oer de draaimûne: 

,,Allegear deryn, dat lit gjin plak mear foar de duvel!” 
   Tolve hynderkes, gouden gondels en wat autobakjes 
waaie tingeljend oan ’e tinte fan ’e koekeferkeap foarby. 
   Dêr stean de bokken fansiden, om de jonge 
fammen temûk te taksearjen; drystere feinten 
   sjitte papieren roaskes of in knuffelbear mei de buks. 
Swarte Hindrik út ’e Wâlden ferklapbûtst syn bûssinten, 
   Rein Tiedes fan Snits glimket om ’e ringsmiterswille, 

as stadichoan de sinne ôftakket. It elektrysk 
   stekt syn ljocht op foar de spanning fan de sweef. 
Yn ’e swietrook fan bier en baarnde sûkerspin 
   lûke de jonges de jaskes út en helpe mei om óp 
te smiten, wat heger, wat moaier. En krekt op it stuit 
   fan jut-op ’e-kop wurdt it in oare wrâld – de bern 
saaie wol troch de loft, mar it lûd falt ynienen 
   fuort. Kin in draaimûne noch wol draaimûne wêze? 

Yn myn bakje knyp ik my de knûst hast fyn 
   fan benaudens: fanâlds luts de merke fiks folk, 
mar merke is no merk. Gjin plak ‘om ris foar in kreame 
   of in dis te stean, om alles wat dêrop wie te begapjen 
en te betaasten, salang as ’t geduld fan de kreamer 
   it taliet: - of hja hâlden ho by in blok, dêr’t in man 
by stie mei in grut mes yn ’e hân, te roppen: 
   “Wa wol in hou ha?!”’ 

(Sa’t Waling it sei.) Merk – de digitalisearre dream 
   fan in ûnbidich skip, dat troch gjin opfeart past, 
komt mei mienskipsliet, lidmaatskipskaart. 
   Smarjild is yn, om ’t doarpsgesicht fan boppe-ôf – 
net tekene yn ’t sweevjen mei, mar nommen út in 
   drone syn kontgat wei – te troaien yn it mal. 
Dat eartiids al, út foarskriuwend tinken, merkegean 
   mei in duorsum wantsje op 'e hûd ferbea.

Lit my de merke helpe foar in frijkaartsje en in oaljekoeke. 
   De nacht falt oer de wenweinen en de rottweiler sliept. 
It keatsfjild leit stil. Achter it hok oan de kopske kant 
   fan de iisbaan boskje lette frijers gear, 
foar’t se de kant fan de heabergen út sette. Moarnier 
   sil ik hjir wer wêze om in hântaast te dwaan,
de hurdboardplaten en de sweefbakjes te laden 
   yn it reelizzend, reizgjend merkeskip fan Kloasterman.


.

8 opmerkingen:

  1. Reacties
    1. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen
    2. Hurdboard, ig good, yöh, begjin en ein.
      OM op 'n doàrpsmerke te frijen?
      Ik toàrkje mei de boàrgers en 'e nearing
      doànden, wat heger, wat moàier.
      Koekeferkeap, Jut-op-'e-kop.
      't doàrpsansicht fon boppen ôf.
      ienfoàrmich, eärtiids, foàrskriowend.
      'n wântsje-OP-'e-hûd.
      De bern saaie, 't fjild is besaaid

      Verwijderen
    3. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen
    4. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen
    5. Der come spontaan réaksjes by.
      hjir aanst èk wer - tink.

      Verwijderen
    6. Der come spontaan réaksjes by.
      hjir aanst èk wer - tink.

      Verwijderen