vrijdag 30 juni 2017

Chironomidae

Pearingsdûns fan plommeneven yn formaasje, 
   jimme ophakkerich folkje chironomidae 
komt oan in parasjute del dy't him net iepenet
   en krûpt werom as iesreade larve. 

Om yn ’e ûnderwetterstâlen fan wyt snoekeblêd
   of yn in jachthaven stil te ferpopjen 
ta lid fan it minskdom. Mar no ûnderweis as
   in swart op en del boppe de Ofslútdyk.

Se hawwe in bochele thoarax, wulve oer de kop.
   Underûntwikkele mandibels, teminsten yn 
Europa, mei earder in pear skynpoaten noch 
   op it boarstsegmint en oan it achterliif ek 

twa hierrige procerci. As se dan fan hûs út 
   tagelyk de dyk del sille, is alles wat grutter; 
akwatyske poppen komme mei driuwplaten, 
   om plankgas te jaan yn 't fuortplantsjen. 

De konservator fan it natuermuseum seit, 
   it is in magyske dûns, dy’t net duorret, it is 
om yndruk te meitsjen, foar de koarte seks, 
   en dêrnei wol men leafst tepletter op it foarrút, 

mei de grutte wite wjokken opteard yn rêst 
   boppe brutsen antennes foar it folgjen út. 
Lytse eksploazjes heart men, mei miljoenen 
   wurdt ôfrekkene, gjin fangrail fanneden. 

Likegoed wurdt de larve wer lein, bewenjend 
   wikseljende biotopen, fan mar en see, oan 
lytse slytgatten ta yn fersûpte beamtûken. 
   Of yn ’e droechte krûpend, om, lykas ús, 

tiid te fersitten, buien wachtsjend en wiette. 
   En de maityd wol witte, hat hemoglobine 
sines al dien oan heil? As de fleanshow begjint, 
   is 't tusken wite streken frij entree, 

dêr’t - sa't in túnman syn fruchten fan ’e beam, 
   sa't de swarte lûs as opfretter plôket - 
men rattelet yn 't moanneljocht mannich kear, 
   oer it asfalt fleanend, dat it wjerkeatst,

wylst ytlike wetterkantsykjende chironomidae,
   myn foarrút missend, metamorfosearje
yn achterrútske swellebekjes, ommers ek sljocht
   op plommeneven boppe de Ofslútdyk.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen