zaterdag 10 juni 2017

Brief oan Jennifer Allora

Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle 
   net by, miskien wie ik by Simen Styl 
of by Tsjerk Hiddes fan Seisbierrum, 
   of wie ik yn ’e trekker fan Troje 
ivich op 'en paad nei de Frede fan Brussel, 
doe’t ik yn 'e iene of oare enklave 
   hearde fan de oansteande ferskining 
   fan dyn potfisk yn ’e Willemshaven. 

Mar wêr wiesto, Jennifer Allora, BA, 
   Master of Science! Op ’e Dokumenta? 
It krong earst net ta my troch. Do! 
   Fergruttest politike spanningen 
yn ’e publike sfear. Wiist ús op 
hierskuorren yn sosjale systemen 
   fan nasjonalisme, miljeu-aktivisme, 
   op oarlochs- en fersetsproblemen. 

Dat klonk net gek. 
   Mar hâldsto it mei Walt Disney, 
dan kinst net achte wurde om each te hawwen 
   foar de symboalyske diminsje 
(sjoen alle assosjaasjes dy’t op 
skiednis, kultuer en polityk ta drave), 
   fan Bolta’s Stiennen Ulebuorden 
   op ’e boaiem fan ’e Nije Yndustryhaven. 

Kenst ús toanielstikken ûnder wetter? 
   Yn ’e opkeamer: boer Bolta wisket 
him it swit fan ’e begreppele foarholle. 
   Hy woe it skriuwe – ferrek, hy hat it opret: 
syn selsdichte ‘Spotfers op potfisk’. 
Jennifer! De duvel hat mei Achab troaike, 
   mei it harpoeneardershânboek fan Hoekstra; 
   boer Bolta bliuwt yn 't koaike. 

De mobile marketing is oeral itselde
   en Keunst ferdwynt út ’e publike romte. 
Alve stêden krije alve fonteinen werom; 
   trekpleisters op 'e swolm fan Troje. 
Alve stêden oan 'e klassike gloarje, 
mondiale skyn, Bambi, Candy, toverring, 
   wylst de ûleboerdfiskjes inkeld swimme 
   yn 'e regionale ferbylding.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen