zondag 4 juni 2017

Alle fjirtjin dagen Itaka

                     Foar Gerben Gerbrandy, 
                     nei it optreden fan Tim yn Twizel 

Kavafis wist it net, mar alle fjirtjin dagen 
   bin ik twa nachten yn Itaka. 
Om dêr te kommen, dat falt ta, 
   as de Ofslútdykbrêgen net fertrage. 

De bloedstream wol ús de dyk oer ha; 
   dêrom is ’t ek yn dichters dragen 
om nei it hûs ta fan syn Zsa Zsa – 
   dêr binn’ syn bern; se hawwe fragen. 

Ik kin wol sizze dêr’t ik nei stribje; 
   in lytse bibleteek fan blêdmuzyk, 
folling foar de kattebak, en út ’e krantewyk 
   komt krekt genôch om fan te libjen. 

Achter rollûk en gerdinen 
   klinkt Tsjaikovsky’s Fioelekonsert 
yn foarseine lannen, dy’t wer ferdwine.
   (Net Kavafis syn skuld. Hy wie der net.) 

Dat ek yn ús taal de earen foaroan rinne, 
   is syn gloarje – mar it ûngelok wol ek wat. 
Foar ús gjin Itaka mear om te winnen; 
   dy’t telt, komt tongen tekoart.


.

7 opmerkingen:

  1. Namme fout: Kavafis. Sza Sza. Tsjaikovsky.
    Ik hav gjin bern die't fjoele spiilje ...

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Misspelling Zsa Zsa Gabor if ferivige, ja.
      Sascha de Boer is wer desellde flaainamme.

      Verwijderen
    2. Misspelling Zsa Zsa Gabor if ferivige, ja.
      Sascha de Boer is wer desellde flaainamme.

      Verwijderen
  2. Reacties
    1. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen
    2. Deze reactie is verwijderd door de auteur.

      Verwijderen