zaterdag 27 mei 2017

Ut seepokkehout

Noch út it seepokkehout fan ’e jutters bist, 
   it riedsel lyk út ’e bek stapt, as ik it sis. 
Litst fuotleasten efter. Efkes, seit de see. 
   Oant stjerren dy tille – ik dy hifkje op ’e hân. 

Litst, ek ast langút leist, yn de yn- en útlis 
   fan tekens spoaren nei, hoe breed is de wei, 
hoe smel wat ál kin en wat net – bist as de slûpske 
   kat, lûkend nei de kobben oer it sân. 

Lêste, leafste weach yn alle ivichheid: 
   do rôlest dy út oer de deklaach fan it strân 
by lampeljocht, as waard it noait wer moarn. 
   Mar de tijen keare, sizze skulpen en skom. 

Fan skipbrek bliuwt dit boechbyld oer; 
   earm hout dat oanspielt yn in nofter lân. 
Sjoch, der jeie draken yn ’e loft. En do 
   komst de warring oer, om de wrâld yn te gean.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen