zondag 28 mei 2017

Mearke

Dyn hûd is sa tear, dyn ljocht skynt dertroch. 
   Dyn nekke sa tin, mar kin net brekke. 
Oan dyn fuotten flijt ’m in tekenfilmliuw, 
   om swakke ankels hinne dûz’lje slangen, 
   wylst ik tichteby dyn kontsje bliuw. 

De sliep, in wite earn, komt troch it iepen rút, 
   skoot it seventies gerdyntsje oan kant. 
Hy spraat syn wjokken as in tekken oer dy hinne, 
   wylst ik harkje nei dy, hoe’tst regelmjittich 
   soerstof takelst út ’e sakke sinne. 

Oer dy tekken hinne drave gjin lytse spintsjes, 
   om te stekken gûnzet net in langpoat. 
Ek de krobben hawwe lang om let belies jûn; 
   sels de hiemhûnen bedimje har byljen. 
   Frede hat it fan ’e drokke wike wûn. 

De fyftich al foarby, ha ’k yn ’t hiele diereryk 
   gjin ynfieren faam oait troffen lykas dy; 
do makkest my ta dy’t ik socht te wêzen; 
   fleurich liedst my nei de lêste boarnen, 
   op ús plattelantsje noch te lêzen. 

Sa’t ik dy lies, de earste kear as in jongesboek; 
   do joechst de knaap in tútsje by it fliet. 
Wiest op ferkenningstocht yn tsjust’re kriten, 
   de ynlikste. En wiest sa wiet! 
   Doe binn’ der dobbelstiennen smiten. 

Dêrom, sliep myn skatsje. Aansen meitsje my 
   wekker as de wite fûgel wer ferdwûn is. 
En as de nije dei dan oan syn rattel draait, 
   troch de strjitte giet op iere trekkers, 
   dan bisto it, dy’t dit mearke better, sêfter seit.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen