donderdag 20 oktober 2016

Foar Rink, no't er in stien krije sil

Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten 
oer de spoardyk, de ûngediene achterkant 
fan de arbeidershuzen bylâns, fermôge, 
bryksakke túnstekken, dy’t oerhingje 
as obers yn ’e kroech oare kant de sleat – 
                                      ferdwyn dan 
foarby de reiden de slachskaden yn 
fan iken en iperen wachters. 

Dan komst út by de potskippersfeart 
en sjoch, in útwrydsk ljocht falt dêr 
út ’e krocht op in rychje stiennen, 
nederich op ’e grûn. Yt de toarnbeien 
en de roazebottels, wês sels de plestik roas, 
de stoer foar it oergean, it wachtsjend papier. 
Byneed: yt stien 

om in namme op te dollen út in terp, 
in fûstbile út it sân, in lyk út it fean. 
Om in doel treffende pylkpunt fan ’e pinne 
te bewûnderjen yn tiids fitrine en faaks 
om in swolch út it bûsfleske. 

Dy’t bedobbe leit ûnder in stobbe 
wurdt aansens ûnder stjurre magma wei
mei kommen en bliuwen yn letters en sifers – 
                                      ferdwyn dan 
mei in boek ûnder de bûken, 
no’t it beskreaun is, net sa’tst kaamste, 
mar oer de gieltsjes en troch it izeren stek, 
de kronkeldyk op, oan wjerskanten wylgen.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen